Weppers woansdei 23-7-2025

Gatske
17 juli 2025
Weppers freed 1-8-2025
1 augustus 2025
Gatske
17 juli 2025
Weppers freed 1-8-2025
1 augustus 2025

Teamyndielingen jeugd

Alle nije teamyndielingen fan de jeugdteams foar kommend seizoen kinne jim fine ûnder it kopke ‘Fuotbal’.

Barpersoniel socht

Foar mei de oefenwedstriden fan SDS 1 wurdt der noch socht om barpersoniel. De wedstriden begjinne om 14.30 oere.
It giet om:
sneon 16 augustus: SDS 1 – Sleat 1
sneon 23 augustus: SDS 1 – Oudehaske 1
As je dan bardraaie kinne dan graach efkes trochjaan oan Syb Overal: 06-33030042

Bekeryndieling

De KNVB makket de kompetysje-yndielingen, bekeryndielingen en -programma’s faseard bekend. Freed 1 augustus wurdt de bekeryndieling foar SDS 1 bekend makke. De folgende deis komme sy mei it programma.

Wa is dat?

Mika de Jong rûn mei syn heit troch Amsterdam en sech samar in bekende fuotballer. Dirk hie gjin idee, mar Mika wist dat it om Lucas Rosa fan Ajax gie en gie fansels efkes mei him op de foto:

Wy sjogge al in SDS-look-a-like fan Ralph Wariman oankommen.

Komkommernijs

Yn dizze tiid is der faaks net folle te melden. Mochten jim noch komkommernijs hawwe stjoer it dan efkes nei Aant en Willem.

Te swimmen?

Jesse van der Weide fan SDS 2 is blesseard oan syn knibbel en gie it wykein nei Flylân om te herstellen. Hy sil dochs net te swimmen west wêze?

Harsens derby (2316)

‘Tikkie werom, Jaap!’