Weppers woansdei 20-7

Weppers tiisdei 19-7
18 juli 2011
Kompetysje-yndielingen 2011-2012
21 juli 2011

Programma SDS 1
It wedstrydprogramma fan SDS 1 is klear. SDS 1 begjint op sneon 3 septimber mei in útwedstryd tsjin BCV. Op sneon 10 septimber is de earste thúswedstryd tsjin Be Quick Dokkum. Sjoch
hjir foar it folledige wedstrydprogramma. It is noch net bekend welke wedstriden ôflast wurde……………..

Kompetysje-yndielingen
De KNVB hat juster op it ein fan de middei de kompetysje-yndielingen op de webside setten útesin de E- en F-pupillen. Wy sille se hjoed en moarn efkes trochspitte. Hooplik kinne jim hjir dan moarn alle yndielingen besjen. Mochten jim hiel benijd wêze dan kinne jim it hjir sels útsykje.

Kompetysje-yndieling SDS 2
De kompetysje-yndieling fan SDS 2 wie net dreech te finen:
1e klasse A
1 Harkemase Boys 2
14:30
2 Leeuwarder Zwaluwen 2
12:00
3 Makkum 2
12:30
4 Oeverzwaluwen 2
14:30
5 SDS 2
14:00
6 Knickerbockers The 2
12:00
7 Blauw Wit ’34 2
12:30
8 ONS Sneek 3
14:30
9 Veenwouden SC 2
14:30
10 Heerenveense Boys 2
12:15
11 Minnertsga 2
14:30
12 Fean’58 2 14:30


South-Park SDS’ers(17)
Eltse dei krije wy noch nije South-Park-SDS’ers binnen en dêr binne wy tige wiis mei. Wolle jim ek ien meitsje dan kinne jim der
hjir alles oer lêze.
Theo de Jong koe ôfrûne seizoen, as leider fan SDS DA1, somtiden wol gek wurde fan al dy froulju dy ’t ôfseinen. Margriet Rienstra wit dit alderaardichst út te bylden:


Jeugd-WK?
Frank Bervoets soe graach sjen dat der ek in Wommelser Kampioenskip foar de jeugd kaam. Frank wol graach woansdeitejûn foar it earst los op it skopfjild yn Wommels. It begjint om 19.00. Alle jeugd tusken de 12 en 17 dy ’t efkes fuotbalje wol is wolkom.
It jeugd-WK soe earst foar it “grutte” WK op tongersdeitejûn, mar dan sil C1 al traine yn Wommels.

Transfernijs(13)
Der sille noch wol hiel wat “tranfer”berjochten ferskine de kommende wiken. Meastal is mear as de helt net wier. Hjoed kinne wij melde dat
-Geert-Arend Roorda net nei Feyenoord giet
-Geert-Arend Roorda net by SC Heerenveen bliuwt
-Ajax ek wol belangstelling foar Geert Arend Roorda hie
-Geert Arend Roorda net nei FC Utrecht wol
-Geert Arend Roorda ek net nei FC Twente sil
-Geert Arend Roorda by Standard Luik tekene hat

Fan herte lokwinske!
It sjit ús krekt te binnen dat ien fan de wepmasters jierdei is. Fan herte lokwinske!!

Wat sjocht hy der noch jong út

Wommelser Kampioenskip 18 juli 2011
It rûn tsjin achten, de buienradar waard oanslingere, en it like goed! Miskien in lytse snitter mei de warming-up, mar der wie alles mei sein. Der wiene in soad minsken die der oars oer tochten en die der foar kozen om by de waarme kachel te bliuwen. Ûndanks de reinerij kamen der toch 10 man it fjild op om te baljen! It fjild lei der moai by. Krekt meant, fochtich en snel. De ideale omstannigheden foar in moaie pot fuotbal!
Wat foel der dizze edysje op?
-Johan:dumpt syn alde wurkskuon by boskjes yn’e boskjes
-Henk: rekket de ballen yn’e warming up lekker op de slof!
-Jaap: stoen foar it earst wer op it iis, dus die kolm oan
-Bram vB: Joech de hele jûn sekballen yn plak fan stekballen
-Hendrik E: kriege de earste en tagelyk de hurdste sekbal fan Bram
-Rudy: wie nei de winnende fan foarige kear allinich mar út op’e goal
-Willem: hie syn kanon meibrocht nei it slagfjild
-Tsjipke: seach net dat de tsjinstanner mei loopgraven wurke
-Elger: siet yn’e loopgraven ferskûle om krossballen te ûnderskeppen
-Sytse:sjit allinich mei de winnende goal mei skerp
Team Donkere wosk
Jaap, Hendrik E, Johan P, Willem, Tsjipke.
Team Bonte wosk
Rudy, Elger, Bram v B, Henk, Sytse.
Der waard fanôf it begjin fel fuotballe, it tempo lei heech en der waard fan beide kanten oanfallend spiele mei snelle kombinaasjes. Beide partijen kriegen dan ek folle kansen, mar de goals bleaunen een skoft út. Toen einliks de 1-0 foar donker foel waard de lykmakker ek al snel makke troch bont, dit gong sa troch oant de 4-4. Team bonte wosk skoarde foaral ut counters en team donker moest it troch it kompakte spul fan bont mear fan ofstân skoten en beweging foar de goal he. Nei fannejûn wiene de passes fan Bram, ekwol de ‘no look sekbal’ neamt. Dizze nije foarm fan passen kwam net by iederien even goed oan. It WK bestjoer hat nei oanlieding hjirfan dan ek in extra fergadering ynlaske om te praten oer it ferplicht dragen fan in tok.
By de winnende goal feroarde it fjild foar de goal fan bonte wosk yn in loopgraaf. Dit, begryplik, tot grutte ergernis fan team donker. Team donker koe mar tot op san 8 meter fan’e bonte goal komme en der koene se net oars as de bal rûnspylje tot der in gat yn ’e ferdigening fan bont kaam. Troch in ûnderskepping fan Henk koene Rudy en Sytse snel út de loopgraven komme en de oerstek richting it goal fan donker weagje. Troch in omtrekkende beweging fan Rudy waard de ferdiegening ut de stellingen wurke en koe Sytse de bal binnen sjitte.

By it folgende WK graach je tok maat opjaan, want dan kenne de toks/tokken (whatever) besteld wurde.

Nimmens de gastskrieuwer,
Sytse

Harsens derby (523)
Dizze fuotballer hat fan ’t simmer dúdlik net oefene op penaltysjitten: