Weppers woansdei 17-1-2024

Weppers snein 14-1-2024
14 januari 2024
Weppers freed 19-1-2024
19 januari 2024

Net oefene

SDS 1 soe justerjûn oefenje tsjin Irnsum 1. Der lei net folle snie, dus dat moast slagje. Uteinlik wie it dochs wat te glêd om te fuotbaljen en hawwe SDS 1 en Irnsum 1 besletten om beide mar op it keunstgers te trainen.

Ek net oefenje

SDS 2 soe jûn oefenje tsjin Black Boys. Dit giet net troch.

Greidhoekederby

Foar kommende sneon stiet de Greidhoekederby op ‘e nij op it programma. As de waargoden en de fjildkommisje it talitte yn elts gefal. De wedstriid begjint om 14.00 oere en nei de tiid komt DJ Skieppetsiis.

De jeugd wer los

De measte jeugd mei kommende sneon wer los yn de kompetysje as de fjilden it wat talitte.

ONS traint yn Easterein

ONS 1 traint tongersdeitejûn yn Easterein. Yn Snits leit der noch in dik pak snie op it keunstgers. Yn Easterein falt dat wat ta. Sy traine om 21.00 oere.

Harsens derby (2221)

Toet, toet!