SDS/Nijland JO11-2 wint fan de koprinner
De JO11-2 is goed op dreef. De earste wedstriid wûnen sy mei 4-5 en sneon mochten sy tsjin koprinner LSC JO11-4 en dat gie mar knap. Sjoch hjir op de webside fan vv Nijland foar it wiidweidige ferslach.
Doelpunten SDS 1
Lourens van der Pol hat dit jier al 13 doelpunten makke. Dat betsjut dat hy no 8e stiet op de doelpuntenmakkerslist fan SDS 1 ea mei 58 doelpunten. Hy kin ynkoarten in plakje omheech gean, want Floris Hiemstra hat der 59 makke.
Mem hat altiten gelyk
Wout Dijkstra hie de measte stipers binne helle mei de Kidsrun en krige fan sc Heerenveen 2 VIP-kaarten foar in wedstriid fan sc Heerenveen. Heit Harm woe folgend seizoen wol graach nei sc Heerenveen – PSV, mar it is úteinlik de lêste wedstriid fan dit seizoen, sc Heerenveen – Feyenoord, wurden. Hjir sil mem Vera wol bllid mei wêze.
Frij
De kommende wiken wurdt der net folle balle troch al dy knyntsjedagen. SDS 1 en 2 hoefe bygelyks pas wer op sneon 3 maaie los. SDS 3 mei wol kommende sneon los út tsjin Makkum 4. SDS JO19 hoecht pas wer te baljen op sneon 10 maaie.
Kantine
Tongersdei is der in gearkomst fan it Doarpsbelang yn de kantine. Dat betsjut dat de fuotballers efentueel nei it trainen yn de bestjoerskeamer ien keapje kinne. Enne fersoarget de hapkes en de snapkes.
Harsens derby (2308)
‘Tikkie werom, Jaap!
SUNDAY LEAGUE OWN GOALS
Some real crackers in here! pic.twitter.com/uY6aX6oNxO
— Grassroot Goals (@GrassRootGoals_) April 11, 2025