Weppers woansdei 14-8-2024

Kompetysje-yndielingen SDS-jeugd 2024-2025
12 augustus 2024

Oefenwedstriid

Kommende sneon hat SDS 1 syn earste oefenwedstriid thús om 14.30 oere tsjin ús freonen fan Nijland 1. Elkenien is wolkom op it sportpark yn Easterein.

Barfrijwilliger socht

Der binne noch al wat kantinefrijwilligers op fakansje en dêr troch is it dreech om in barfrijwilliger foar sneon te finen ny SDS 1 – Nijland 1.
Soesto dit dwaan wolle? Dat soe al moai wêze. Nim dan kontakt op mei Vera de Vries (06-11479675).

SDS/Nijland JO19-1 is los

De manlju fan SDS/Nijland JO19-1 hawwe moandei harren earste training hân ûnder lieding fan harren nije traner Marc van Hiel.

De nije SDS-League

It fuotbaljen yn de Eredivisie is al los, mar wy wachtsje mei de SDS-League noch efkes oant de transferperioade der op sit. Dat wurdt dus sawisa nei 1 septimber. Hâld de webside goed yn de gaten.

Harsens derby (2258)

Toet, toet!

 

Letter miskien wol mear!