Weppers woansdei 14-6-2023

Weppers woansdei 7-6-2023
7 juni 2023
Nije weppers 19-6-2023!
19 juni 2023

Efkes Balje

At jim miene dat it fuotbaljen hielendal stil leit, hawwe jim it mis. Op moandeitejûn wurdt der Efkes Balle op it sportfjild yn Wommels. Wa’t each hat foar de bal en net foar in oar syn fuotten mei best efkes meidwaan. It begjint om 20.00 oere

Beslissingswedstriid

Fan de trije klups dy’t meidwaan moasten foar degradaasje/promoasje 3/4 klasse is der noch ien oer. Oudehaske en Scharnegoutum binne degradearre mar Heeg kin noch yn ien duel oerlibje.
Dat sil wêze kommende sneon om 14.30 oere yn Skearnegoutum tsjin Grootegast 1.

Heerenveense Boys, de nûmer twa út de tredde klasse A, de klup dy’t sa graach net wer nei Easterein wol, moat Hardegarijp ferslaan. Slagget dat net, dan hjitte wij se wer fan herte wolkom takem jier.

Kerst Hoekstra nei WPB

Kerst Hoekstra spilet sûnt in pear jier by SDS 5, mar stoppet nei dit seizoen. Hy wurdt namelijk leider by Waterpoort Boys 1 neist trainer Jan Vlap. Wy komme him dus folgend seizoen wol wer tsjin. Wy winskje him in protte súkses!

Winners SDS-League

De ponghâlder fan SDS hat hjir en dêr wat drokte wêr troch hy der noch net oan ta kaam is om it prizenjild en dielnamejild fan de SDS-League te beteljen en te innen.
It komt der oan.

Barbekjoe betelje

Wa ’t lêsten de SDS-barbekjoe noch net betelle hat dy kin dat hjir dwaan. It koste 10 euries.
Betelfersyk Rabobank: https://betaalverzoek.rabobank.nl/betaalverzoek/?id=7tBnS5v4TYyapW_m03rqFg

In lyk man is in ryk man.

Harsens derby (2173)

Toet toet!