Weppers woansdei 12-11

Weppers tiisdei 11-11
10 november 2008
SDS League: Team Pussy pakt wykpriis!
12 november 2008

Gjin training
Ook woensdag 12 november kan er niet getraind worden op de velden van Skoalleseize. André

Jiergearkomst
Kommende freed is om 20.00 yn de kantine wer de jierlikse ledengearkomst
fan SDS. Wy hoopje op in soad minsken. Sjoch
hjir foar de útnoeging en de wurklist. It ferslach fan de foarige ledefergadering en it jierferslach kinne jim opfreegje by info@vv-sds.nl.

Trainingen A-junioaren/B-junioaren
Woansdei 12-11-2008  GJIN Training foar SDS A1 en SDS B1
Freed 14-11-2008 Training SDS A1 EN SDS B1 om
19.30 oere
Foar de spilers fan SDS A1 en SDS B1: jo
u it troch oan jimme teamgenoaten!

Sealtrainen
Fanôf moandei giet de jeugd de seal ek wer yn. Dit skema komt hjir fan ‘e wike noch op de side.

Wêr wie Folkert Rients?
De lêste wiken sjogge de feteranen Folkert Rients Vellinga net folle yn it fjild. Drok, drok, drok. Mar no binne wij der efter, welke drokte dat wie. Hij hat mei Mink dwaande west in reportaazje te meitsjen oer syn muzykperioade. Jûn is dat te sjen op Omrop Fryslân. Om 18.30 oere.

Traine
Moandei wie it hûnewaar. Foar de froulju wie dat gjin reden om thús te bliuwen foar it trainen. Mar leafst 10 froulju en Dirk Yde griemden yn de drek om.

De foto’s
De kompjoeter problemen binne wer oplost en dat betsjut dat wij
de foto’s sjen litte kinne fan de froulju dy’t sneon fuotballen tsjin Harlingen fuotballen. De kwaliteit fan de foto’s is net super, mar wij kinne jim fersekerje: it binne echt de froulju fan SDS.

Rêchnûmerkwis
Cruijff spile mei 14, Diego Maradona mei 10 en George Best mei 7. Wy binne benijd as jim de oaren ek witte(klik hjir). 

Net op de lisfyts
Der wie foar mij mar ien reden om mei te dwaan snein. At ik hazze wêze moast foar Stoffel en wynbrekke. Mar Stoffel gie leaver efter de mollen oan ynstee fan efter mij. Gelyk hat er……. Gr. Aant

Bûtenboardmotor
Beste minsken,
In oantal wiken lyn ha wy op in sneue manier in oar syn butenboardmoter total loss vaart mei in bokkejun. Dit fansels net mei opset. Ik sis mar sa….in ungemakje sit yn in lyts hoekje. No bin wy op syk nei in nye(betelbare) motor.
Kenmerken foar de motor:
Mercury 9.8 as 9.9. In Mercury mei mear PK’s  is eventueel ek in opsje.
Ha jo tips,ideeen as wat ik mar…..nim dan kontakt op mei ien fan understeande persoanen:
Rene,Wotsu,Freddie,Tsjeard,Hendrik,Ype,Anne,Germ,Marco as
gerardvanasselt@hotmail.com

De fok op
Sommige skiedsrjochters hawwe wolris in bril nedich. Yn Japan draaiden se de rollen om en setten sy de fuotballers in flinke fok op: