Weppers tongersdei 11-8

Puntentelling en prizenjild SDS-League
11 augustus 2016
Efkes Balje 12-8-2016
12 augustus 2016

Keunstgersfjild klear?
It keunstgersfjild leit no, mar is noch net hielendal klear. De goals, hoekflaggen en de dug-outs komme der woansdei 17 augustus op te stean.

Traine op keunstgers
Der mei no op it keunstgers traind wurde. Der meie ek goals op stean. Dizze steane by it B-fjild. De goals moatte al sjout wurde en dus net skeaun. Dit om slytaasje fan it fjild te foarkommen. Ek moatte se troch de stekdoar efter yn de hoeke en net oer it hek sjout wurde om te foarkommen dat it hek skeind wurdt.
Om de doelgebieden goed te hâlden is it ferstannich om losse goals te brûken en dizze b.f. 10 meter foar de goals (dy ’t der noch net binne) te setten. Der komme noch ferrydbere goals.

Traine op keunstgers
SDS 2, A1 en B1 traine jûn om 19.00 op keunstgers. SDS 1 traint om 20.00 oere.

Keunstgersfjild
Wy hawwe in moai grut keunstgersfjild krigen. Dizze is 113 by 69 meter grut. Dit is like grut as dat it fjild wie 😉

SDS 1 gelyk
SDS 1 hat tiisdeitejûn lyk spile tsjin vv Scharnegoutum, de ploech fan trainer Remco Bervoets. De einstân wie 1-1 en it doelpunt fan SDS wie fan Jacob Klaas Haitsma.

SDS 1 oefent
Sneon 13 augustus oefent SDS 1 yn Nijlân tsjin de pleatselike twaddeklasser. De wedstriid begjint om 14.30 en de taktyk fan beide ploegen hawwe de beide trainers woansdeitemiddei al efkes trochnommen op it terras bij it Dielshús.

Nije leden
SDS hat der wer in pear “nije” leden by. Anco Elgersma en Tseard Verbeek binne earder ek al lid west fan SDS en komme beide wer foar SDS fuotbaljen.

Efkes Balje
It giet de hiele simmer troch dat Efkes Baljen. Ek freed wurde op it skopfjild de hesjes om 19.30 wer útdield of elkenen moat in wyt en donker sjurtsje meinimme.

Lêze bij de haven
Tiisdeitejûn wie de tradisjoniele lêzing bij de haven yn Wommels. Dizze kear mocht Eelk Lok earne wat fan fine en de hege ferwachtingen kamen út. In alder prachtichst ferhaal oer keatsen en hij dielde hjir en dêr wat tikjes út. It is in hiel ferhaal mar de muoite wurdich om te lêzen. Sjoch 
hjir.

Harsens derby (1737)
Wat in hearlijke frommelgoal!!