Hoe sit it mei dy efentuele neikompetysje eins?
29 april 2025Wedstriidferslagen sneon 3-4-2025
3 mei 2025Programma sneon 3 maaie
Sneon mar 2 kompetysjewedstriden;
Wykels Hallum 1 – SDS 1
SDS 2 – Workum 3
Wykels Hallum 1 – SDS 1
Moarn ien fan de wichtigste wedstriden foar SDS 1 fan it seizoen. Wol SDS 1 noch kans meitsje op in perioade dan moat der eins wûn wurde yn Hallum op Sportpark Bruisend Hart.
De seleksje:
12.30 oanwêzich
12.45 bespreking
13.00 fertrek
14.00 warming-up
14.30 oanfang wedstriid
44 Mark
2 Jelte-Pieter
3 Remco
4 Gerwin
5 Tim
6 Robin
7 Matthijs ©️
8 Gerbrand
9 Ate
10 Pieter
11 Lourens
12 Niels
13 Wytze
14 Douwe Jan
15 Jelmer
1 Jaap

SDS 2 – Workum 3
Foar SDS 2 in drege dobber tsjin nûmer 2, Workum 3. It soe moai wêze as de mannen fan ynfalkoach Bote Strikwerda hjir efkes in winstpartij fan meitsje. Koach Marco Hoekstra is in wykeintsje fuort.
De wedstriid begjint om 14.30 oere.
De seleksje:
- Anne
2. Arjen
3. Bauke
4. Ewout
5. Habtamu
6. Jesse
7. Jorrit Stap (K)
8. Jurjen
9. Kees
10. Lieuwe
11. Sietze (SDS1)
12. Sjirk (SDS1)
13. Wessel S
14. Wessel W
Oanwêzich: 13:20 oere
Bespreking: 13.25 oere
SDS 3 – Balk 5 g.n.t.
SDS 3 soe om 14.30 oere thús balje tsjin koprinner Balk 5. Balk 5 hat alles wûn útsein ien lykspul. Soe SDS 3 de earste wêze dyt fan de Balksters wint?
Nee, dus. SDS 3 kin mar 3 man op papier krije dus dat wurdt neat…….
Heerenveense Boys 7 – SDS 4 g.n.t.
De spilers fan SDS 4 soenen al betiid los meie. Nei 3 wiken frij west te wêzen mochten sy no om 12.15 oere balje út by Heerenveense Boys 7. It is bernefakansje, dus der sille wol wat heiten fan SDS 4 misse.
Dat kloppet………….. Mei 7 man wurdt it neat……… Dan nije wike mar wer sjen.
Moarns gjin programma
De wedstriden moarn fan de JO13-1 en de JO15-1 geane net troch, dus der is allinnich middeis in wedstriid yn Easterein mei SDS 2 – Workum 3.
Oefenje
SDS/Nijland JO19-1 oefent moarn om 10.30 oere yn Nijlân tsjin ONS JO17-1.
Alde bekinde
Sneon yn Hallum by Wykels Hallum 1 – SDS 1 treffe wy fêst ek in âlde bekende. Eardere koach fan SDS 2, Samir Tawafra, is dêr namelijk trainer fan de froulju fan Wykels Hallum.

Kantine
It is 2 maaie dus dat betsjut dat de KF op tongersdeitejûn de bartsjinsten wer oernaam hat. Alle meiwurkers fan SDS mar wer tige by tige foar jim ynset.
Slotfeest SDS
It slotfeest by SDS sil wêze nei de lêste wedstriid op sneon 24 maaie fan SDS 1 thús tsjin sf Deinum 1. Hoe dy dei der út sjen giet kinne jim hjir nije wike lêze.
vv Oosterlittens 90 jier
Op de Instagramside fan vv Oosterlittens stiet in nijsgjirrich ferhaal oer in bekerwedstriid tusken VVO en SDS út it ferline. Jim kinne it hjir lêze.
Ald-Nijland – Ald Wommels
Op freed 13 juny sille de fuotballers fan Wommels it wer opnimme tsjin de âlde lullen fan Nijland. Sy fuotbalje 7 tsjin 7. Dit kear is de wedstriid yn Nijlân. De foarige edysje waard wûn troch Wommels.

Harsens derby (2310)
Dan sit ek wurklijk alles tsjin………
Everything that could go wrong in this video went wrong pic.twitter.com/LsGXFtHoWk
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) April 30, 2025


