SDS 1 is wer los
6 augustus 2023Weppers freed 11-8-2023
11 augustus 2023Freulepartij
Moarn is de Freulepartij en ek dit jier docht er wer “jeugd fan SDS” mei.
Wij binne fansels partijdich dus winskje wij yn it earste plak Itens, Reahûs, Folsgeare en Wommels in soad sukses.
Omdat it tichtbij leit winskje wij Spannum en Lollum ek sukses, mar net at se tsjin yn fan de fjouwer earder neamde doarpen keatse
Atty
It frouljusfuotbal is op dit stuit aardich yn it nijs. Hiel fier fuort fuotbalje se in WK en dat dogge se op ûnmooglike tiden.
Yn 1975 hiene wij bij SDS Atty Zijlstra fan Wommels. Dy skoarde omraak en sij helle de noardlike seleksje.
Yn 1975 spilen se om de Nederlânske titel en it distrikt Noard wint de priis yn Zeist.
Ien fan de doelpuntenmakkers is …..Atty Zijlstra. Wij lêse it werom yn it ferslach fan 12 juny 1976
Noordelijke selectie met speelsters uit Friesland, Groningen, Drenthe en Zwolle.
Friese speelsters waren: Sjoukje Leistra, Ria Bakker-Venema, Wanda Matahelumual (ONB), Attie Zijlstra (Oosterend), Loltsje Mossel (Zwaagwesteinde), Marjet Semplonius (de Wâlden), Aukje Kuipers (Zwaagwesteinde)
NB It ferslach komt fan Facebook fan de side Voetbalfoto’s uit het verleden amateurvoetbal Friesland
Alde kaarten
Hij is frijwol neat feroare en dat komt omdat hij noch altiten aktyf is as assistint skiedsrjochter bij meast SDS 5 mar dat hjit dit jier SDS 4