Weppers tiisdei 5-9-2023

Sneon 2-9-2023
1 september 2023
Weppers freed 8-9-2023
8 september 2023

Sneon beker: SDS 1 – HJSC 1

Kommende sneon spilet SDS 1 om 15.00 oere thús foar de beker tsjin HJSC. Jim binne allegear fan herte wolkom!

Nije teamfoto

Foar de wedstriid fan SDS 1  tsjin HJSC 1 sil de seleksje fan SDS 1 mei de staf op de foto nommen wurde troch Henk Bootsma. Dat wurdt fêst in plaatsje.

De nije SDS-League

Jim kinne allegear wer meidwaan oan de SDS League. Jim kinne alle ynformaasje fine hjir op de webside en der lizze tongersdei en sneon ynfulformulieren yn de kantine. Graach ynleverje foar sneon 20.00 oere sadat wy nije wike lyk los kinne.
Hoe mear der meidogge hoe leuker!
Ynmiddels rûgelje de earste Leagues al binnen. Ate-Feike de Boer wie dit kear de earste mei Okke van der Kamp en Watze-Anne Postma as goeie twadden.

Goals fan it fjild

De trainingen binne wer drok oan de gong, mar dat wol net sizze dat it ûnderhâld stoppet. Graach nei de trainingen dus de goals fan it fjild ôf sadat it keustgers syn soarch krije kin.

Mar wol graach netsjes opromje sadat elkenien der by del kin

Wim Kieft yn it Dielshûs

Earder dit jier stie Johan Derksen yn it Dielshûs mei sidekick Eddy van der Ley. Sneon 9 desimber sil syn maat Wim Kieft yn it Dielshûs komme. Kieft fuotballe û.o. by Ajax, Pisa, Bordeaux en PSV. Hy is noch wol gauris op de tillevysje te sjen. De foarferkeap giet 15 septimber los.

Kantine iepen op tongersdei

Kommende tongersdei is de kantine wer iepen mei om 20.45 oere op it grutte skerm Nederland – Griekenland om 20.45 oere. In eks-foarsitter sil efter de bar stean. Jim binne allegear fan herte wolkom!

Harsens derby (2180)

Miskien dochs faker oefenje…………..