Weppers tiisdei 30-1-2024

Sneon 27-1-2024
26 januari 2024
Weppers freed 2-2-2024
2 februari 2024

SDS 1 oefent en wint!

Us kop op de side wie juster noch ‘Oefenwedstriid SDS 1 – Oeverzwaluwen 1 om 20.30 yn Easterein’.
Hjoed is de kop ‘Oefenwedstriid TOP 1 – SDS 1 om 20.15 yn Toppenhuzen’.
SDS 1 gie mei ûndersteande seleksje nei Toppenhúzen en wûn mei 3-0.
Jorrit Stap fan de JO17-1 makke syn debút op de goal by SDS 1.
De goals fan SDS 1 waarden makke troch Lourens, Douwe-Jan en Gerbrand.
1 Jelte
2 Bauke
3 Remco
4 Erik
5 Gerbrand
6 Robin
7 Peter
8 Matthijs ©
9 Lourens
10 Douwe Jan
11 Kevin
12 Tim
13 Sietze
14 Jelmer
15 Jorrit

Bekerje

It sit SDS 2 yn de kompetysje noch net sa mei, mar sy oerwinteren al yn de beker. Yn de folgende ronde meie sy op sneon 17 febrewaris om 12.30 oere út tsjin Leeuwarder Zwaluwen 2 balje.

Kaartsjesaksje sc Heerenveen

Op de webside kinne jim lêze dan sc Heerenveen foar de wedstriid tsjin Goa Ahead Eafles wer in kaartenaksje hat foar SDS’ers. De folgende kaartsjesaksje sil wêze foar de wedstriid tsjin PSV op tongersdeitejûn 25 april om 18.45 oere.

Efkes Balje op moandeitejûn

Foarôf binne der al twa toppers.
Jeroen en Folkert Rients melde harren krekt foar de hakbiletiid.
Troch harren oanmelding binne der genôch (8). Dat is op moandeitemiddei in moai momint.
Nei ôfrin meldt topper Folkert Rients noch wol efkes dat hij de twa beslissende doelpunten yn de finale makke hat.
Mear as in topper kinne je net wurde yn dizze rubryk en dat wie hij al troch syn kommen.
Boppedat wiene it twa ferskuorrend smoarge doelpunten dy’t in topper feitlik net op syn namme hawwe wol
Ofsjoen fan dy twa lullige doelpunten wie it in feest fan strakke ballen, moaie rinaksjes, hylaryske missers en genôch wille.
It echte hichtepunt wie it doelpunt fan Han.
Strak ynspile en mei 10 meter foar it doel, gie de bal like strak it doel yn mei in “skot” efter  de steanfoet lâns.
Sûnder hes: Minne, Menno, Folkert Rients en Johan
Mei hes: Wouter, Jeroen, Han en Aant

Topskoarder

Ate Schaap hat 11 fan de 66 doelpunten makke, dy’t de fjouwer SDS teams dit seizoen makke hawwe.
Sjoch hjir foar de folsleine list.

De nije SDS-League

As alles meisit dan kinne jim hjir net tongersdeitemoarn mar freedtemiddei de nije dielnimmersformulieren fine. De transfermerke slút namelijk pas op tongersdeitejûn 23.59.59 oere……..

Harsens derby (2225)

‘Harsens derby, Daan!’