Sneon 30-9-2023
29 september 2023SDS-League: ‘FC Olé Olé’ pakt de wykpriis!
3 oktober 2023Ferslach SDS 1 – Waterpoort Boys 1
Op Voetbalnoord stie noch in wiidweidich ferslach fan de wedstriid fan SDS 1 tsjin Waterpoort Boys 1 fan ôfrûne sneon. Jim kinne it hjir lêze.
Bekerwedstriid SDS 2 fersetten
SDS 2 sit noch yn de beker. Ferline wike is der lotte. SDS 2 soe op sneon 21 oktober om 17.00 oere thús balje tsjin WVV 2 út Winschoten. WVV 2 spilet normaal sputsen op snein yn de Reserve-2e-Klasse. De wedstriid is op fersyk fan WVV fersetten nei tongersdei 19 oktober om 20.00 oere.
SDS-League
De nijste stân fan de SDS-League kinne jim hjir jûn ferwachtsje rûn in oer as 18.34 oere.
Tongersdeitejûn kantinejûn
Tongersdeitejûn is de kantine nei it trainen wer iepen fanôf in oer as 20.12 oere. Anna Stenekes sil jim dan allegear foarsjen fan in hapke en in snapke. Op it grutte skerm binne earst de lêste minuten fan AEK Athene – Ajax te sjen en hjirnei AZ – Legia Warschau.
Harsens derby (2190)
‘As ik net skoor dan hy al hielendal net…………….’
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) October 1, 2023
Letter miskien wol mear!