Weppers tiisdei 22-8-2023

Wa wurdt de 103e Freon fan SDS?
21 augustus 2023
Tarieding SDS 2
23 augustus 2023

Oefenje

SDS 1 sil jûn om 19.30 oere yn Arum oefenje tsjin de pleatselijke vv. It is de earste oefenwedstriid foar SDS 1. De foarige wedstriden gienen net troch om ’t der noch in soad spilers op fakansje wienen.

Pannakoai

Yn Easterein is in begjin makke mei it bouen fan in pannakoai. Leanbdriuw Okkema is al drok dwaande. As it meisit dan is hy begjin oktober klear.

Fersetten

De bekerwedstriid tusken Waterpoort Boys 2 en SDS 2 is net op sneon 16 septimber, mar woansdeitejûn 13 septimber. Dit om ’t Waterpoort Boys yn it wykein fan 16 septimber festiviteiten hat y.f.m. harren 50-jierrich jubileum.

Kompetysje-yndielingen 7×7

De kompetysje-yndielingen foar de 7×7 manlju en froulju binne ek bekend.

Roel de Wit ferstoarn

Ald SDS 1 trainer Roel de Wit fan Frjentsjer is op 12 augustus ferstoarn.
Roel de Wit hat trainer west yn de seizoenen 1979 oan 1982.

Yn syn earste jier bij SDS 1 waard hij kampioen mei syn team en promovearre nei de 3de klasse.
It wie de earste kear dat SDS 1 yn de tredde klasse kaam.

Roel de Wit is mar 71 jier wurden

Harsens derby (2179)

Hy kin better syn fuotten wat better optille…….