Weppers tiisdei 11-7-2023
11 juli 2023Weppers moandei 24-7-2023
24 juli 2023SDS-bestjoer der op út
It bestjoer fan SDS gie snein foar it earst yn 7 jier wer ris mei syn allen der op út. Sy gienen te golfen yn Koudum en hawwe hearlijk iten by Kafé Bergsma yn Easterein.
Henk Postma is net allinnich tûk mei sifers, mar bliek ek de beste golfer te wêzen binnen it bestjoer.
Jelte-Pieter Verstappen
SDS 1 slúte sneon mei syn allen it seizoen ôf. Sy gienen te karten en dêrnei te iten en te drinken. Jelte-Pieter Dijkstra wie de snelste karter. Wa ’t de snelte iter en drinker wie is net bekend makke.
Kevin wie 2e, Jelte Pieter 1e en Wiebe 3e.
Ut in âlde krante
Yn de Boalserter Krante fan april 1954 stiet in berjocht oer in junioren fuotbal toernoai. Dielnimmers binne Concordia út Boalsert, Stormvogels út Drylts, SDS út Easterein en ……vv Wommels. Opmerklik fine wij dat, want SDS bestiet dan al hast 7 jier.
Alde spilerskaart fan ……..
Penaltysoap
Heerenveense Boys en Hardegarijp sille dan jûn eindelijk op ‘e nij penaltys nimme. Dit soe by ONT, mar it sil no barre yn Rottevalle. Sûnder publyk. Mocht Heerenveense Boys winne dan spilet Heerenveense Boys folgend seizoen yn de 2e-Klasse en Hardegarijp yn de 3e-Klasse B. As Hardegarijp wer wint dan bliuwt Hardegarijp yn de 2e-Klasse en bliuwt Heerenveense Boys yn de 3e Klasse A.
De penaltys binne te sjen op de webside fan Omrop Fryslân.
Pannakoai yn Wommels
Dêr earne yn de hoeke fan it sportfjild yn Wommels leit in pannekoai dy’t noch wachtet op it ferfolch.
It falt ús op dat der in merakel soad fuotballe wurdt op it sportfjild (foaral troch de jeugd mar ek troch Efkes Ballers op moandei) en dat sil aansens mei de pannkoai yn de buert net minder wurde.
Tip
Harsens derby (2175)
Dat is in kaart!
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) July 14, 2023