SDS FIFA-toernoai op freed 20 maart foar de jeugd o/m. de JO12. Jou dy no op!
17 februari 2026SDS FIFA-toernoai nei freed 20 maart
Voor het SDS-FIFA-toernooi op vrijdag 7 februari zijn er te weinig aanmeldingen binnengekomen (circa 50%).
We willen nog 1 poging doen om het toernooi op een andere datum te organiseren.
Dit wordt vrijdag 20 maart. Geef je nu hier op!
Vragen, stuur een app’je naar:
Peter (06 24 71 76 36), Mark (06-24444319) of Tjitse (06-40874867)
Of mail: jeugd.sds@gmail.com
Oefenje
SDS 1 is de kommende 2 wiken frij fan kompetysjefuotbal. Dat betsjut dat sy moai efkes oefenje kinne. It oefenprogramma sjocht der sa út:
Tongersdei 19 febrewaris om 20.15 oere: Drachten 1 – SDS 1
Sneon 28 febrewaris om 14.30 oere: Minnertsga 1 – SDS 1
SDS-League
69 teams hawwe wy ynfiere kinnen yn de kompjoeter foar de twadde helte fan de SDS-League. Wy krigen teams binnen mei 3 ferdedigers, teams mei 12 man, teams mei 4 fan PSV, teams mei spitsen yn de ferdediging, teams mei ferdedigers mei de nûmers fan de middenfjilders. Je kinne it je sa gek net betinke of wy seagen it foarby kommen. uteinlijk steane sy no allegear goed yn de kompjoeter.
Wy woenen dan ek hjoed mei de earste stân komme, mar no is snein de wedstriid Sparta – NEC staakt en wurdt dy jûn ynhelle. Dat betsjut dat wy dy noch moai meinimme kinne yn de earste stân.
Rekkenje mar dat de earste stân dan tongersdei hjir op d webside komt.

Easterein.nl en Wommels.nl
Sawol Easterein as Wommels hawwe in doarpsapp en doarpswebside. De aginda fan SDS en wichtige nijsberjochten binne sa ek te sjen op beide doarpsides.
Kantine
Kommende tongersdei soe Anne Stenekes it fet waarm hawwe yn de kantine. No’t SDS 1 te oefenjen giet is dat noch net wis.

Harsens derby (2367)
Mocht it oefenjen fan SDS 1 neat wurde dan kinne se altiten noch yn in iishal iisfuotbaljen gean………
Ice football looks like absolute chaos 🤣 pic.twitter.com/cJ3pAVtFJo
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) February 15, 2026


