Weppers tiisdei 12-5

Weppers moandei 11-5
10 mei 2009
Weppers woansdei 13-5
12 mei 2009

SDS 4 jûn los
Rudy Dijkstra en Ivo Donath mailden ús de seleksje fan SDS 4 dy’t jûn om 19.00 oere los moatte tsjin Blauw Wit. Om 18.30 wurde de folgende spilers ferwachte yn Easterein

De seleksje: Erwin, Pieter L, Pieter G, Ronny W, Frans P, Bote S, Hendrik E, Gerlof O, Bas de H, Johan D, Douwe de B. en Rudy D.

Neikompetysje
SDS 2 spilet jûn om 19.00 syn weromwedstryd foar de neikompetysje:
17.30 fuort
19.00 fuotbalje
Hendrik, Henk, Harm-Jan, Syb, Wichard, Dennis, Feite, Jildert, Jan Simon, Marten, Sytse, Jelmer, Eeltje, Hjalmar en Willem.
Graach auto meinimme.

SDS DAJ
We moasten juster inderdaad spylje tsjin Berlikum.
Earste helte yn ‘e wyn, we hoden de 0-0. We hiene tocht dat we de 2e helte better soeden weze, mar dat foel tsjin. De einstan wie 0-2. Ek dizze tongersdei moatte we wer fuotbalje, tsjin Ljouwert. Nei myn witten om 19.30, kom te sjen! 
Tryntsje.


Traine E1
SDS E1 traint woansdei net om 18.30, mar om 19.00.
Remco Bervoets
 

Eksoatysk

Bij SDS 4 binne se fol ferwachting oer kommende sneon. Jelte de Boer is dwaande mei de tarieding fan in grutte manifestaasje hawwe wij begrepen. Der binne wat geruggies mar it krekt witte wij net. Eksoatysk slyn it tema te wêzen. Wij binne benijd.

 

Gjin ferrassing
Bij SDS 5 hâlde se net fan ferrassingen. Sij sille sneon it seizoen ek ôfslúte, (neidat se earst yn Feanwâlden west hawwe te fuotbaljen) en sij dogge dat sa as earder wer yn de tûn bij Eddy de Boer en sij hawwe in oantal bargen útnoege. Ek alle Jannen dy’t in adelike titel hawwe binne fan herte wolkom en dizzen hawwe tasein yn grutte getale lâns te kommen.

 

Ôfskiedswedstriid Floris Hiemstra
Kommende freedtejûn sil yn it teken stean fan it ôfskie fan Floris Hiemstra as aktyf fuotballer! Op sportpark ‘De Skoalleseize’ wurdt  der derom om freedtejûn om 19.30 oere in wedstriid ferspile wurde tusken it hjoeddeiske SDS 1 en in team fan (âld-)earstealvetalspilers dy’t gearstald is troch Floris sels. Hjirby is eltsenien dan ek allegearre fan herte útnoege om dizze wedstriid by te wenjen. Nei ôfrin fan de wedstriid sil de kantine iepen wêze om der noch in gesellige jûn fan te meitsjen.

 

Alle voetbalvelden
At it nije seizoen aansens wer begjint en je wolle witte welke ploegen at allegear bijelkoar yn de kompetysje sitte en wêr’t je dy dan fine kinne, dan is dat allegear op te sykjen op
dizze side.

PréWK  11 mei 2009 

De opkomst wie yn fergeliiking tot foarige wike wat matich, der wiene 9 man wat eigenlijk krekt 1 te min is foar in goeie party. Dit hie mede te meitsjen mei it feit dat de tiisdei’s troch it 2e en it 4e fan SDS nog in wedstriid op it programma stie. Je soene sizze dat it just oars om heard te wêse mar neat wie minder wier. Der sil tevens sjoent wurre of we ek in oare dei as de mandei kinne fyne mar dit sil mei de iepening fan it WK allehjer under de loep naam wurre. Foar earst woe ik jim adviseren de site yn de gaten te hâlden foar de Pré WK Data. 

De wedstriid an sich wie juster wat mat. Ik sil it yn in pear wurden gearfette: 

– Fysiek

– “Dan begjinne we op 0 – 0”

– “Hé, binne dyn skoun ek kapot”(en hasto se ek by G. wei?)

– Fysiek

– “Mark hat kramp”

– “Op wat foar datum is 4 juny?”

– Fysiek

– “Willem hat de earste en de lêste trein snein”

– “Ek Jaap snapt net werom hy keeper is”

– Fysiek

It foutbal wie dizze edysje bijsaak, der waar in protte fysiek spile wer mei namme in Postma in protte lêst fan hie. Úteindlik waar der wûn troch team Mark, Skelte, Hjalmar, Eeltje en Jaap.

Ek kaam der in special guest mei in camera healwei de wedstriid it fjild op rinnen. Geruchten gean dat dizze guest enkele relaties hat mei de kaskraker “FITJA”. As ôfsluter nog in speciaal wurd fan tank oan de hearen ût Ljouwert(Jaap, Skelte) dy’t dizze edysje toch wat flair wisten te bringen. 

Namens de WK Directie,

Drs. Bac. Mba Alg. Stat. Dir H.K. Engbrenghof

SDS League
Lyk as eltsenien binne wy ek benijd nei de einstân fan de SDS League. Wy hoopje him foar freed hjir op de webside te hawwen. Om fouten te foarkommen moatte wy fansels gjin risiko nimme en sille wy de kompjoeter geregeld alles nochris in kear neitelle litte.

Knappe goal
Je sjitte op de goal, mar eltsenien sjocht lyk wol dat sa ’n bal der nea yn kin. Of toch wol?