SDS-League: ‘MarkrEeltje’ pakt op ‘e nij in wykpriis!
11 december 2023Weppers freed 15-12-2023
15 december 202350 jier troud!
Klaas en Akke de Haan binne hjoed 50 jier troud. Fan herte lokwinske!
Winterstopprogramma SDS 1
SDS 1 set de kommende wiken noch efkes troch mei it trainen. Sy meie ommers op sneon 20 jannewaris alwer ynhelje tsjin vv Nijland 1.
Dit is it winterstopprogramma foar SDS 1:
12-12. Trainen
14-12. Trainen
21-12. Trainen
4-1. Trainen
6-1 SDS-nijjierssit
9-1. Trainen
11-1. Trainen
13-1. Oefenwedstrijd ntb
16-1. Oefen: SDS 1 – Delfstrahuizen 1
18-1. Trainen
20-1. Inhaal: Nijland 1-SDS 1
Schaduwwedstrijd SDS 1 – Foarút 1
23-1. Trainen
25-1. Trainen
27-1. Oefen: SDS 1 – Oeverzwaluwen 1
3-2: SDS 1 – Heeg 1
SDS 2 en Samir nei it seizoen útelkoar
It SDS-bestjoer hat yn oerlis mei de trainer fan SDS 2, Samir Tawafra, beslúten om nei it seizoen útelkoar te gean. SDS sil op syk nei in nije trainer/coach foar SDS 2.
Allert Turksma lieder by SDS 2
No ’t lieder Rick Hendriks it wat te drok hat mei de leafde hat SDS 2 in nije lieder fûn. Allert Turksma sil de rest fan it seizoen trainer Samir Tawafra bystean. Jan Los sil flagje.
Coachjassen
De nije Coachjassen foar de lieders binne der. Elkenien kin de jassen ophelje. Sommigen hawwe him sneontemiddei al ophelle. It kin woansdei 13 desimber en tongersdei 14 desimber fan 19.00 oant 20.30 oere wer by it ballenhok op sportpark de Skoalleseize.
Krystsealbalje
In ploegje SDS’ers docht wer mei oan it krystsealtoernoai yn Frjentsjer. Dit kear wurdt der net op 2 dagen spile, mar allinnich op sneon 23 desimber. Ynkoarten kinne jim hjir it programma fine.
OFK
De lotting foar it OFK yn Frjentsjer begjin jannewaris hat ek west. SDS mei sealbalje op tiisdei 9 jannewaris fanôf 19.30 oere. De poule sjocht der sa út:
vv SDS
vv Blauwhuis
vv Broekster Boys veld
FVC
Sc Stiens 2
vv Makkum
Jeugdsealbalje
De jeugd fan SDS sil ek yn de seal te baljen. Sa spylje de teams fan SDS fan de JO8-2 oant de JO13-1 fanôf sneon 23 desimber yn ferskillende sporthallen yn Fryslân.
Gjin sealfuotbal mear….. SDS 2 seal ek stoppe….
Nei SDS 1 seal is ek SDS 2 seal opheven……. Wêr as it SDS 1 seal al net mear slagge om genôch spilers de seal yn te krijen slagge dit SDS 2 seal ek net mear. Djiptepunt wie de alderlêste wedstriid. Dy waard mei 25-0 ferlern….
Efkes wol Balje
Mei 10 man like de opkomst al prima moandeitejûn, mar mei trije jongfeinten der bij wie it “hast heale” fjild noch better beset.
Troch dy trije leafhawwers Sjirk, Jelle en Pieter kaam der flink mear tempo yn de striid.
Alles wat boppe de 40 wie snakte betiden ek nei adem en alles wat boppe de 60 wie, hie de tonge op de skuon lizzen oan de ein.
Net al te grutte goals makke it dat de doelpunten djoer wiene.
Yn de earste partij dy’t klokslach 20.30 oere stoppe koe de 4-4 einstân notearre wurde.
Net ûnfermeld mei bliuwe dat er oer dizze partij noch wat diskúsje ûnstean kin wa’t de grutste misser foar it doel op syn namme skriuwe mei.
De gadingmakkers binne Sipke en Johan.
Yn de finale fan 2 doelpunten wurdt fanwege it gebrek oan skoarend fermogen úteinlik besletten oan der mar 1 fan te meitsjen.
De 6 yn de hes winne.
Mei in hesje: Folkert Rients mei soan Jelle, Minne mei soan Pieter, Johan Hiemstra en Menno
Sûnder hes: Wouter, Ids, Sipke, Frank, Johan Heerma, Sjirk en Aant
Kaarte
De senioaren fan SDS hoefe sneon net te baljen, dus kin der moai efkes kaarten wurde:
Tongersdeitejûn kantinejûn
Om ’t SDS 1 tongersdei gewoan traint is de kantine tongersdeitejûn ek gewoan iepen. Fanôf in oer as 20.30 oere sil in wepmaster elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes. Op it grutte skerm kin der sjoen wurde nei Ajax – AEK Athene.
De nije Treffer
Wy binne al wer drok dwaande mei de nije Treffer. Hawwe jim noch wat aardichs stjoer dit dan nei willem@vv-sds.nl.
SDS-look-a-likes
Foar de Kryst-Treffer binne wy wer op syk nei SDS look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei willem@vv-sds.nl!
Harsens derby (2212)
It is wer tiid om de seal yn.
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) December 8, 2023