Weppers tiisdei 11-7-2023

De nije kompetysje-yndieling fan SDS 1
7 juli 2023
Weppers tiisdei 18-7-2023
18 juli 2023

Twitter

Op ús foarside stiene rjochts ûnderoan ús twitterberjochten.
Stiene, want jim sjogge no dizze tekst stean.  De hear Musk hat twitter in jier lyn kocht en hij makket der in soatsje fan. Hij fynt dat je twitterberjochten allinne mar lêze meie, at je ynlogt binne bij twitter.
Sa’t wij dat diene op de webside wie dat net nedich. Elkenien koe it lêze.
Wij hope dat dit beslút weromdraaid wurdt, mar binne net hoopfol.
Foar de minsken dy’t sels in twitter akkount hawwe, is der gjin probleem foar oaren binne der twa mooglikheden, in twitter akkount oanmeitsje of de berjochten oan je foarbij gean litte

Arjen Stremler

ONS Sneek 1 is al wer dwaande mei it nije seizoen en ien fan spilers yn de A-seleksje is Arjen Stremler.
Dy namme komt ús bekend foar en wij seagen dat hij sneon skoarde yn de oefenwedstriid tsjin Pelikanen.

Alde spilerskaarten

Yn it skiere ferline, doe’t kompjoeters it wurk noch net fan ús oernamen en alles beregele, wiene der noch spilerskaarten foar alle leden fan SDS.
Dy moasten mei nei de wedstriid en toant wurde.
Wij hawwe noch in doaze fol lizzen om te digitalisearjen.
Dat is in winterklus.
Wij meitsje no in lyts begjin en pleatse sa no en dan ien út dy âlde doaze.

Harsens derby (2174)

Dikke bam!