Weppers tiisdei 11-2-2024

scFraneker 1 – SDS 1 yn byld
10 februari 2025

Hattrick

SDS JO9-1 moast sneon tsjin sc Franeker JO9-1 balje en Idsert Stenekes hie der o sa’n nocht yn. Hy woe wol graach yn de spits begjinne, want hy fielde him goed en rekkene der op in soad goals te meitsjen. Spitich foar him stie hy as ferdediger op papier en moast hy dochs echt efteryn begjinne en him waard útlein dat dit net bestjutte dat hy no net skore koe. Dit kloppe aardich, want foar’t de wedstriid goed en wol begûn wie makke Idsert al in goal en efkes letter sels noch in twadde. Doe’t hy yn de twadde helte per ûngelok ek noch in kear yn eigen goal skopte rôp hy; ‘HATTRICK!’

Ynhelje

De kommende twa wiken stiet der allinnich ynhelwedstriden op it programma. SDS 1 is dan ek frij en hoecht sneon 8 maart pas wer. Yn de 4e-Klasse B mei Remco Bervoets twa kear los mei Scharnegoutum 1. Sneon 15 febrewaris is it Scharnegoutum 1 – DTD 1 en sneon 22 febrewaris is it Scharnegoutum 1 – Makkum 1.

Programma yn Easterein

SDS 1 en 2 binne sneon frij, mar SDS 3 en 4 meie sneon al los. Beide meie thús om 14.30 oere. Dat kin duw wolris gesellich wurde.

Oefenje

SDS 1 soe kommende sneon oefenje tsjin HJSC 1, mar dit giet net troch. De bedoeling is noch wol om op sneon 22 febrewaris te oefenjen tsjin Arjen Hoekstra’s Sleat 1. Sleat 1 stiet 4e yn de 4e-Klasse A.

Perioadetitel?

Je doare it hast net lûd op te sizzen, mar SDS 1 giet nei de winst op sc Franeker 1 dochs hieltiten mear kans meitsjen op it Perioadetitel. SDS 1 moat foar dizze perioade noch tsjin út tsjin Makkum 1 en thús tsjin IJVC 1. Grutste konkurrint moat noch út tsjin IJVC 1 en thús tsjin Irnsum 1. It ferskil is no ien punt yn it foardiel fan SDS 1. De snelle rekkeners ûnder ús hawwe al betocht dat as SDS wint yn Makkum en IJVC wint fan sc Franeker dat by SDS dan de flagge út kin.

SDS-League

Jim hawwe noch oant freed 18.00 oere om jim SDS-League yn te leverjen. Weghorst kinne jim wol fêst trochhelje, want hy hat snein syn tean brutsen.

SDS’er der op út!

Jesse van der Weide is mei Janieke nei Sri Lanka en komt begjin maart werom. Hy lit witte dat sy it o sa nei harren sin hawwe en dat hy noch altiten net oan de weake is. Dat soe nei moarn wolris oars wêze kinne as de kuolkasten efkes in skoftke sûnder stroom stien hawwe troch ien of oare apenút……. Sjoch hjir.

Harsens derby (2293)

Yngoaie is sa makkelijk noch net. It is dan ek wichtich om by de basis te begjinnen en dat is beide hakken yn de grûn sette…….

 

 

Letter miskien wol mear!