Weppers snein 8-1

SDS-nijjierssit grut súkses!
8 januari 2017
Weppers moandei 9-1
9 januari 2017

Marco en Robert tekenje by

Juster waard op de nijjierssit bekend makke dat Marco en Robert Hoekstra foar in jier bytekene hawwe as trainer en assistent trainer fan SDS 1. It bestjoer fan SDS is hjir tige mei ynnommen.

Wouter Appelboom trainer SDS 3 en 4

Wouter Appelboom hat oanjûn dat hy op tongersdeis it trainen fan SDS 3 en 4 wol op him nimme wol. Dit is hartstikke moai fansels!

OFK

De froulju fan SDS Vr.1 meie moarn los op it OFK yn Frjentsjer. Sy geane sealfuotbaljen mei Alize, Geeske, Jeska, Hester, Sieta, Tjitske, Janieke en Lysanne. Mark Postma is de coach en Bote sil mei as flagger. SDS Vr.1 sit yn in drege poule mei sc Emmeloord, Hardegarijp, LAC Frisia, zvv Avanti, vv St. Annaparochie en Heerenveense Boys 2. De earste wedstryd is om 20.12 oere tsjin Sint Annaparochie.

OFK (2)

De mannen fan it fjildteam fan SDS meie tiisdei los yn Frjentsjer. Bote, Remco, Wiebe, Pieter, Ewout, Lourens en Teun sille balje foar SDS fjild.
Sy sitte yn in poule mei sf Deinum, Waterpoort Boys(seal), St. Annaparochie, Blauw-Wit(fjild) en zvv Krooster Boys. Krooster Boys is in sealfuotbalklup út Zeist. De earste wedstryd is om 19.44 oere tsjin sf Deinum. Tamme de Boer sil flagje.

OFK (3)

De âld-sealfuotballers fan SDS meie woansdei yn Frjentsjer sealfuotbalje. Jaap, Feite, Jacob-Klaas, Erik, Skelte, Robert en Willem sille probearje de finaleronde te heljen. Sy sitte yn in poule mei DTD(seal), WWS, Scharnegoutum, GAVC en sc Stiens. De earste wedstryd is om 19.44 oere tsjin Scharnegoutum. Tsjipke Okkema sil flagje.
Foto fan ZVF

Seal

De sealfuotballers fan SDS 1 meie dizze wike ek gewoan wer los. Sy spylje tiisdeitejûn út tsjin sc Bolsward 7.

SDS-sealtoernoai JO15 en JO17

Sneon wie it SDS-sealtoernoai foar de JO15 en JO17. De ‘Soesjes’ mei Jeffrey vd Werf, Wessel Wijnja, Eljer Wiersma, Kees van der Horst en Tjitse Postma waarden de winners.

Harsens derby (1816)

De trend fan 2017 is setten. De skorpion-kick! Welke SDS’er soe hjir as earste yn slagje?