Floris
5 oktober 2008Weppers moandei 6-10
5 oktober 2008Floris
Hallo allemaal,
Hier even een update rondom Floris zijn situatie.
Floris is de nacht goed doorgekomen en weet inmiddels wat hem gisteren is overkomen. Iets waar hij natuurlijk enorm van geschrokken is.
Een ieder bedankt voor de bezorgdheid, steun en telefoontjes. En natuurlijk voor het de fantastische hulp van iedereen gisteren op het voetbalveld.
We houden jullie op de hoogte.
Bezoek mag beperkt, maar een kaartje altijd, Floris ligt op kamer
Groeten van Gert-Jan (en de familie).
Meilibje
It mei dúdlik wêze dat der in soad minsken meilibje mei de famylje Hiemstra. Sa kamen der juster mear as 1000 unike hits op ús webside. Dit is twa kear safolle as op in “gewoane” sneon(klik hjir).
Meilibben
Noch gjin 10 kilometer fan it barren yn Snits, barde der wat by in wedstryd tusken Nijland 4 en Bolswardia 3 yn Boalsert. De 20-jierrige Frank Voshol sakke tidens de wedstryd plots ynelkoar. Hy kaam net mear by en is overleden. Ús meilibben giet dan ek út nei syn âlders, famylje en freonen(klik hjir).
Jiergearkomst
Earder makken wij melding fan it feit dat de jiergearkomst op 7 novimber is. It bestjoer hat ús witte litten dat dit feroare is yn 14 novimber. Dat is op in freedtejûn. Neist it saaklike diel sil der ek in nijsgjirrige sprekker wêze.
Fisk
Hoe’t it bij oare alvetallen wie witte wij net, mar bij SDS 5 stonk it sneon yn de klaaikeamer nei fisk. De reden wie dat der hiel wat fûgelleafhawwers yn dat team sitte, dy’t freed in leuke jûn hân hiene mei de fûgelwacht en dat fisk iten it tema wie.
At de fiskferiening op syn jierfeest fûgels op it menu stean hat, witte wij net.
Doelman fan Bitgum
SDS 5, nee, Harm Auke krige sneon yn de lêste minút noch in grutte kâns. In prima foarset, dy’t hij op ûnbegryplike wize miste.
“De bal waard oanrekke troch de doelman, foardat er bij mij wie” sa ferklearre Harm Auke syn misser.
Der wie nimmen dy’t it sjoen hie, dus moast de doelman fan Bitgum mar efkes fertelle hoe’t it siet.
“Ik rekke him krekt oan” melde de doelman en Harm Auke glundere wylst syn ploechgenoaten wat teloargesteld seagen.
“Mar de bal feroare net fan rjochting”, kaam der efteroan. De laits op Harm Auke syn gesicht ferdwûn gelyk en syn ploechgenoaten hiene de measte wille.
“k-t keeper”, dat koe Hampie noch krekt útbringe.
Genee oer van Gelder
It is algemien bekind dat wij wol wat hawwe mei van Genee mar neat mei van Gleder. Dat Genee dan wat ferfelends seit oer van Gelder dan begripe wij dat wol. Sjoch hjir
Trainerskaroussel
It seizoen is noch mar krekt oan de gong of it earste berjocht oer trainers yn 2009-2010 is der al wer. Sjoch hjir.
Nije Treffer
Folgende wike komt de nije Treffer alwer út. As jim noch wat hawwe foar yn dizze Treffer mail dit dan foar freed nei detreffer@vv-sds.nl!