Weppers snein 24-2

Ôflast en sa sneon 23-2
21 februari 2013
Weppers moandei 25-2
24 februari 2013

F’kes geane wer trainen
Hallo voetballers,
Vanaf maandag aanstaande gaan alle jeugdteams weer buiten trainen in Easterein. Voor alle volledigheid nog even een opfrisser v.w.b. het schema:
Maandag:
17:00-18:00 F2
18:00-19:00 F1
Woensdag:
15:00-16:00 F5 en F6
16:00-17:00 F3 en F4
17:00-18:00 F1 en F2
We rekenen er op dat iedereen gewoon op de training aanwezig is.
Kan je een keer niet dan meldt je je af bij mij.
Hans van der Schaar

C2
It trainen hie oars wer tiisdei begjinne sillen foar C2, mar troch wurk fan de trainer kin dat net trochgean.

Gjin trainen foar de Da1
Yfm de hurde fjilden is der moandei gjin trainen foar Da1. Met vriendelijke groet,
Bram van Beem

Linen
Freedetemiddei hie Stoffel in goed gefoel. Hij hie efkes kalke. Efterôf foar neat. Hij liet ús dit witte:
Beide fjilden binne kalke en it wie fan ‘e moarn al wat hobbelich mar as it middei’s wat taaid, dan is der gewoan op te fuotbaljen. De linen der perfekt op, moai waar, it sil taaie,  in bytsje hobbelich hjir en dêrom om my, perfekt fuotbal waar. De keeperes sille wat airbags om dwaan moatte! Yn de âld auto fan Tjerk Okkema sitte noch wol in pear!

Fluchdamje
No’t wij it dochs oer Stoffel hawwe, kinne wij it best ek noch efkes oer it fluchdamjen Frysk spul hawwe.
Kommende freedtejûn binne de kampioenskippen yn Blauhûs. Dat wurdt streekrjocht útstjoerd op it fideokanaal fan Omrop Fryslân hawwe wij begrepen. Ferline jier wie dat in grut fermaak op ynternet ek al omdat Klaas Jansma kommentaar joech.
Hij sil dat no wer dwaan. Wij binne benijd nei de fluchdamkwaliteiten fan Stoffel fan Fedde en fan Jelle

De league
De league is wer fan start en it docht gelyk al bliken hoe wichtich dit is foar dielnimmers. Wij hiene ús koartlyn noch betocht dat omkeaperij noch net foarkomt mar wij binne waaksum. Der binne oanwizings dat Stinezen op de loer lizze om dieltsjes te meitsjen. Fansels steane wij dêr net iepen foar. Hoewol….

Moaie potsjes
Justerjûn allegear tefreden Feanfans, mei wat gelok hjoed tefreden Ajax: a. omdat se sels winne fan ADO en b. omdat se rekkenje op winst fan Feyenoord op PSV

Blues
It is wer de lêste snein fan de moanne en dat soe samar betsjutte kinne dat de bluesklanken wer klinke yn de sealen fan Noflik yn Easterein. Altyd in goed plak om efkes werom te sjen op de prestaasjes fan de favorite ploegen mei wat klupsupporters.

Analyse
Wij wurde der betiden gek fan al dy neat sizzende en de koalsparjende analizes. Der binnen mear dy’t dat fine sjoch dizze
moaie kollum dy’t yn Trouw stie. 

Harsens derby(964)
Hjoed in alderaardichste aksjefan Van Persie. Dy fan moarn is wat minder: