Sneon 18-2-2023
17 februari 2023SDS 4 – SDS 5 yn byld
19 februari 2023sc Haarnegoutum
By Scharnegoutum 1 dienen de lêste wiken mar leafst 4 spilers net mei om ’t sy yn Turkije west binne foar hierymplantaten en je dêrnei 20 dagen net fuotbalje meie. Oan de râne fan it fjild fan vv Nijland waard juster al sprutsen oer ‘sc Haarnegoutum’ en mooglik in nije haadstiper of eins leaver in haarstiper.
SDS 4 – SDS 5
De seleksjes fan SDS 4 en 5 wienen ôfrûne wike al gau rûn. Dat hawwe je mei sokke spesjale wedstriden. SDS 5 hie 15 man en SDS 4 sels 16. Dat moast goed komme. Krekt foar de wedstriid wie der dochs noch lichte panyk. By SDS 5 hie moarns Jacob-Klaas noch ôf sein en yn de warming-up foel Henk Postma út mei in hamstringblessure en krige Harm Stremler ek wat lêst. Sa hie SDS 5 der noch mar 13. Dat kaam moai út, want SDS 4 hie úteinlik ek mar 13.
Wat in plaatsje!
SDS 4 kaam sneon op de jierlijkse teamfoto. Is it net in plaatsje?
Traine
By de JO19-1 hâlde sy by hoe faak as elkenien te trainen komt. De ien komt dúdlik faker as de oar.
Ynhelle
Yn de 3e-Klasse A wienen juster 2 wedstriden. Nijland ferlear thús de drokbesochte derby fan sc Bolsward mei 2-1 en Oeverzwaluwen ferlear yn de lêste minuten fan CVVO mei 1-2. CVVO hat no 5 wedstriden efterelkoar wûn en sc Bolsward stiet no op doelsaldo boppe-aon. Kommend wykein hawwe alle ploegen yn de 3e-Klasse A frij. Dit is de stân:
Kampioen, neikompetysje en degradaasje
3e klasse A t/m D
• De kampioenen promoveren naar de 2e klasse van het zaterdagvoetbal.
• De periodekampioenen spelen volgens een hiervoor vastgesteld schema samen met de nummers
9, 10 en 11 van de 2e klassen K en L een nacompetitie voor twee plaatsen in de 2e klasse.
• De nummers 9, 10 en 11 zijn herkanser en spelen volgens een vastgesteld schema samen met de
periodekampioenen van de 4e klasse A t/m D een nacompetitie voor vijf plaatsen in de 3e klasse.
• De nummers 12, 13 en 14 degraderen naar de 4e klasse.
Neikompetysje
Oefenje
Tongersdeitejûn sil SDS 1 thús oefenje tsjin IJVC 1. De kantine is iepen en der is ek noch fuotbal op it grutte skerm.
Harsens derby (2140)
Toet, toet!
.#rkcfor pic.twitter.com/X4ZzgGvx9M
— ‘ Burak | Dutch League #Eredivisie (@hollandaligleri) February 17, 2023