Weppers moandei 6-10

Weppers snein 5-10
5 oktober 2008
Weppers tiisdei 7-10
6 oktober 2008

Floris
Wy hawwe fan de familie Hiemstra te hearen krigen dat it goed mei Floris giet. Der is hjoed wat ûndersyk by him dien en hy is katheteriseard. Hy leit noch altiten yn Snits yn it sikenhûs. Jim kaartsjes kinne nei keamer 182 fan it Antonius-ziekenhuis yn Sneek

Betterskip!
Tot ons grote schrik hebben wij het bericht ontvangen omtrent Floris Hiemstra. Wij hopen dat Floris spoedig zal herstellen en er weer volledig boven op zal komen. Wij wensen hem en zijn familie veel sterkte de komende tijd.
V.V.Oosterlittens
Simon Zijlstra
PR saken VVO

Oefenje
Tiisdei oefent SDS 2 tsjin Balk 2. De wedstryd begjint om 20.00 oere. Sy geane 18.45 richting Balk.

Futsal 1
Hjoed is it dan eindelijk offisjeel. SDS futsal 1 is troch de KNVB út de kompetysje helle.

Kalkje

De linen wiene sneontemoarn net al te goed te sjen. Harm Bergsma waard oppiept om efkes te kalkjen foardat skiedsrjochters “muoilik” dwaan soene.
Wylst SDS 3 drok oan it baljen wie, rûn Harm mei syn karke op de line. Hij soarge der sa te sjen wol foar dat er sels net yn it fjild kaam…….

Nije bril

In ferfelend berjocht foar de haskes yn Fryslân. Stoffel hat in nije bril. Fansels djoerder as 300 euro, sadat wij him mei ús belestingsinten mei betelle ha. Hij sjocht de hazzen no net mear foar kninen oan mei dit helpmiddel en wij freze in kealslach yn dizze omkriten.
Gelokkich wie hij wol sa sportyf syn âlde bril beskikber te stellen oan in knuffelhaske.

Ynhelje
Op 18 oktober is der in ynhelsneon. Dat hat foar in oantal SDS ploegen ta gefolch dat se yn aksje komme moatte:
14.30 SDS 5 (zat) – Rood Geel 4 (zat)
12.00 SDS C2 – Akkrum C2
09.00 SDS D1 – Sparta’59 D1
14.30 SDS DA1 – Blauw Wit ’34 DA2
08.45 Oosterlittens D4 – SDS D2
10.00 Robur F1 – SDS F1

SDS League
De nije stân fan de SDS League is ynelkoar setten. Woansdei komt der hjir op de webside.