Weppers moandei 5-2-2024

SDS1 – Heeg 1 yn byld
4 februari 2024
Al foar 10 euries nei sc Heerenveen – Go Ahead Eagles
8 februari 2024

Efkes Balje

Wat in gelok dat wij hjir wenje en dat de boeren harren hjir noch fatsoenlik gedrage.
Wij koene Easterein sûnder tûkelteammen berikke.
De boeren net de baas en de hurde wyn wie dizze jûn ek net de baas.
Nee, lange, skynber útskobere fuotten bepaalden it spul en de útslach.
Partij sûnder hes wie bliid mei sa no en dan in doelpuntsje wêr’t se hiel wat foar dwaan moasten.
De makker en de oanjouwers fierden it as in feest
Partij mei hes wist mei boartlik gemak yn de wyn op it doel faak te berikken en te skoaren. Freugde om it doelpunt wie der al gau net mear.
It tellen stoppe al gau.
De finale like efkes in “Hercules-Ajax”sensaasje te wurden mei in 1-0 foarsprong foar de hesleazen. Gelokkich kaam it goed foar de hessen. Sij wûnen mei 2-1.
Konkluuzje: de teams wiene net goed formeard
Hesjes: Wouter, Jeroen, Klaas, Menno en Sjirk
Sûnder hes: Han, Ids, Minne, Folkert Rients, Johan en Aant

Ut de LC