Weppers snein 21-9
20 september 2008Weppers tiisdei 23-9
22 september 2008SDS League
Skriuw je no yn foar de SDS League. Hjir kinne jim der alles oer fine. Je team moat ynlevere wurde foar sneon 27 septimber om 19.00. Jim hawwe dus noch 5 dagen.
Leverje je team it leafst hjoed of moarn yn dan kinne wy fêst begjinne mei it ynfieren fan de teams yn de komputer en kinne wy it wykein lyk los.
Futsal
Om ’t SDS Futsal 1 dit seizoen net fuotballet binne der wat jûnen frij yn de seal. Wa ’t nocht hat kin woansdeitejûn fan 20.00 oan ’t 21.00 efkes bolje. Jou je op fia info@vv-sds.nl!
Stikkene stoel
Wij krigen in tip dat er sneon in stoel sneuvele wie tidens de wedstryd SDS 5 en Berltsum 4. Neffens de Berltsum spilers wie dit it ienige wat hij goed rekke hat dizze middei. Wij soene dit net doare te sizzen oer Ype.
Mulier froulju – SDS froulju
Om in foto te meitsjen wêr’t safolle mooglik aksje op te sjen is, moasten wij sneon yn Wytmarsum bij it SDS doel stean.
Doelpuntenmakkers
Gearard Posthumus giet gewoan troch wêr’t hij ferline jier mei opholden is. Skoare. Hjir de nije list.
Ferslagen
In bult ferslagen binne der wer fan de wedstriden fan ôfrûne sneon. Ek dy fan SDS 3 stiet der ynmiddels by (klik hjir).
SDS 5 op de foto
SDS 5 wie sneon hast kompleet. Dêrom koe der moai in foto makke wurde. Dat Ype Burggraaff der net wie, wie net sa slim: syn namme stiet op alle sjurtsjes.
Gewoan sneon
Om ’t der by ONT kommende sneon allegear festiviteiten binne oangeande de iepening fan harren kuenstgêrsfjild, wie der sparke fan dat SDS 2 – ONT 2 fersteld wurde soe. Dit blykt net mooglik te wêzen, dus der wurdt sneon gewoan fuotballe tusken SDS 2 en ONT 2 om 12.00 yn Easterein.
Fraach foar de skeids
De fraach fan dizze wike wie:
Mei Klaas Kamstra as keeper syn pet ophâlde at hij in strafskop nimt?
Antwurd fan Douwe Reitsma:
Gjin probleem. Klaas mei de pet ophâlde.
Mar de klep fan de pet wol nei boppen ta want hy moat de goal wol sjen.
Âld-feinten
De klup fan âldfeinten hat kommende snein wer in moeting mei as doel de KF Easterein te stypjen. Sy hawwe dit jier wer spesjale aktiviteiten lykas as in fiskwedstryd, klaverjassen en it NK BH-smite(sjoch hjir). De organisaasje hopet op in soad dielname fan sawol manlju as froulju.
Voetbalhumor
Hjir binne wy gek op: