Weppers moandei 2-9

Weppers snein 1-9
1 september 2013
Weppers tiisdei 3-9
2 september 2013

In lytse poppe!
Anke en Jeroen hawwe freed in soan krigen. Marèn!
Mem, heit en soan meitsje it goed! Fan herte lokwinske!


SDS D3 op de foto

Dat is moai…. de earste 11 tal foto binnen en it is noch lang gjin desimber. D3 op it eigen fertroude sportpark.

SDS C1
C1 heeft morgen training. donderdag avond 7 uur bekerwedstrijd tegen Mulier.
Pieter de Boer
 

Doarpentoernooi
Sneontejûn wie it ferneamde doarpentoernooi yn Littens. Winsum wûn mei û.o Geert Dijkstra yn de gelederen. Spannum kaam ferrassend sterk op it twadde plak mei û.o. Bote Strikwerda en Mark Postma.

Ôflast
De sealfuotballers fan SDS soenen moarn oan harren kompetysje begjinne meie wie it net dat de wedstryd ôflast is. De sealfuotballers meie no op 11 september los.

SDS-ers derop út
Juster krigen wij noch in berjochje fan Igor Kalinowski (SDS 4): Eens kijken of we een nuttig spelertje voor @ff_sds 4 kunnen scouten vanavond. Op naar Valencia – Barcelona.

E1
Kommende woansdeite jûn spilet SDS E1  tsjin Arum Stormvogels E1. It is om 19.00 oere yn Easterein ûnder lieding fan skiedsrjochter Inne Heerma.

SDS League
Ek hjoed noch gjin SDS League, want hjoed is it de lêste dei dat de transfermerke iepen is. Moarn of woansdei sille jim hjir de nije SDS League fine kinne.

Thriatlon
It sil jim net ûntgien wêze mar noch efkes oandacht foar de earste  1/8 thriatlon yn Wommels. Kommende tongersdeitejûn om 18.00 oere is de start yn it swimbad fan Wommels. Nei 500 meter swimmen, pakken se de fyts foar 21 kilometer fia Kûbaard, Spannum, Hinnaard, Itens, Easterein, Gouden Ingel en de Súdhoeke werom nei Wommels. Ta beslút de rinskuon oan foar in drafke fan 5 kilometer fia de Littenserbuorren, de Nije Kromme en it trekpaad nei Wommels ta.
Prachtich fansels dat der meardere SDS’ers op de dielnimmerslist steane. Sa fluch yn in earste blik sjogge wij: Anne Stenekes, Metsje Huitema, Jan Stenekes, Jappie Wijnia (en broer Tsjomme) , Martijn Rispens, Gert Jan Hessels, Jan Fokko Rispens, Durk Klijnsma, Douwe de Boer, Klaas van de Weg, Tryntsje Bouma. Ek SDS sponser Durk Jorrit van der Eems en syn frou Sjoukje dogge mei. En mem en dochter Klaske en Tine Wesselius dogge ek mei. Wij soene sizze lit jim sjen en heare oan de kant fan de dyk of bij it swimbad. De oare (kansleaze!) dielnimmers kinne jim
hjir besjen.
Tusken 6.30-7.30 fleane se allegear yn Easterein oer de Sibadawei en Wynserdyk.

De groetnis
Nei 5 wedstriden yn de Eredivisie wêr’t fan alles mooglik is krije jim dizze kear de groetnis fan.
…..

Harsens derby(1103)
In bal dy ’t de tribune ynskopt wurdt dy fang je net, mar kop je fansels werom: