Weppers moandei 15-8-2022

Yndieling kompetysjes
12 augustus 2022
Fuotbal Ynsicht oer âld-SDS – âld Nijland
17 augustus 2022

SDS 1 – Sleat 1 g.n.t.

SDS 1 soe jûn oefenje tsjin Sleat 1, mar Sleat hat ôfbelle.

Toernoai yn Gorredyk

SDS 2 hat sneon meidien oan in toernoai yn Gorredyk. Mei tsjinstanners lykas Mildam 2, Boornbergum 1, Wispolia 1, TFS 1 en Gorredyk 2 waard der twa kear wûn, 1 kear lykspile en ien kear sneu ferlern.

SDS 2 oefent

SDS 2 sil tiisdeitejûn oefenje út tsjin Marrum 1. De wedstriid begjint om 20.00 oere.

1956 sa ûngefear

In pronkje fan in foto. It is 1955 en SDS oefent tsjin Easterlittens. Wij witte no wêr’t útdrukking “de mouwen opstrûpe” weikomt.


Op de foto sjogge jim Willem Leeman yn in wyt bûsgroentje, mei de mouwen opstrûpt. Rjochts fan him sjogge jim noch immen mei opstrûpte mouwen en dat is dr. Hemmes, dy’t ien kear meidien hat. De tsjinstanners út Littens hawwe al sportsjurts mei lange mouwen.
Yn Littens hiene se lykwols gjin keeper en dus die SDS-er Piet de Koe mei bij de tsjinstanner.

SDS-jubileumplaatsjesboek

Dizze wike wurdt de puntsjes noch efkes op de i setten yn it SDS-jubileumplaatsjesboek en dan sil Drukkerij Van der Eems it drukke. De plaatsjes binne ynmiddels al drukt. Wannear ’t de aksje by de Jumbo-Kooistra los giet en jim de plaatsjes sparje kinne heare jim ynkoarten.

In part fan de foarkant fan it SDS-jubileumplaatsjesboek.

Lytse poppe

Skelte Anema en Wytske Vermeulen hawwe in lytse poppe krigen; Isa Rikst. Wy winskje harren en de twa grutte sussen in soad lok en wille ta mei de lytse poppe.

Harsens derby (2383)

Ho………..