Weppers moandei 14-8-2023

Beker/ 1e fase kompetysje-yndielingen jeugd 2023-2024
13 augustus 2023
Wy krije in sportkoai!
14 augustus 2023

Sportkoai

Jûn mear nijs oer de sportkoai yn Easterein.

SDS 1 om 15.00 oere

It is jim miskien noch net echt opfallen, mar SDS 1 spilet it kommende seizoen syn thúswedstriden om 15.00 oere. Sa hat Peter Hoogerwerf mear tiid om op tiid foar de wedstriid oanwêzich te wêzen y.f.m. syn wurksumheden as trainer op sneon.

Spilersfoto

Om balje te kinnen moat de skieds sneons al sjen as hy de goeie foar him hat. Dit betsjut dat elke fuotballer in goeie spilersfoto op de digitale spilerspas hawwe moat. Dit kinne je oanpasse yn de voetbal.nl-app. Hoe dat moat en hoe dat sit kinne jim hjir lêze.

Bekerprogramma SDS 2

Juster koenen jim al lêze wa ’t de bekertsjinstanners fan SDS 2 binne. It programma is no ek bekend:
Sneon 2 septimber: SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 7 om 14.30 oere
Sneon 9 septimber: Zeerobben 3 – SDS 2 om 12.45 oere
Woansdei 13 septimber: SDS 2 – Waterpoort Boys om 19.00 oere.

Yndieling SDS seal 1 en 2

De sealfuotballers fan SDS 1 en 2 sitte kommend seizoen wer byelkoar yn de kompetysje.
De kompetysje sil der sa útsjen neffens voetbal.nl:
Balk ZV3
Futsal Heerenveen 3
Futsal Heerenveen 4
Futsal Heerenveen 5
GAVC 1
NTW 1
ONS Sneek 1
ONS Sneek 2
Oeverzwaluwen 1
SDS 1
SDS 2
Workum 2
Sneek-Wit-Zwart 3
Sneek Wit-Zwart 4

Publikaasje kompetysje-yndielingen senioaren

Freed makket de KNVB bekend yn welke kompetysjes SDS 2, 3, 4 en de froulju en manlju fan de 7×7 yn sitte en sneon it kompetysjeprogramma.

SDS’ers derop út!

Us nije foarsitter Helga Develing is mei fakansje en dan pik je fansels efkes in fuotbalwedstrydsje mei. Sy hat by Las Palmas – Real Mallorca west yn it Gran Canaria stadion. It waard úteinlik 1-1. Der die úteinlik ek noch in Nederlander mei. Daley Sinkgraven spilet op it stuit by Las Palmas.

SDS’ers der op út! (2)

Melle Terpstra en syn heit Frans-Pyter wienen yn Baskenlân en pikten dêr efkes in wedtrydsje mei fan Real Sociedad en seagen yn it stadion fan Athletic de Bilbao:

SDS look-a-likes

Foar de Treffer fan septimber binne alfêst op syk nei SDS look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

De nije SDS-League

It betelle fuotbal is wer fan sytart gien, mar mei de SDS-League moatte wy noch efkes geduld hawwe. Earst moat de transfermerke slúten wêze. Al hie it sa yn de Eredivisie ek wêze moatten fansels……. It betsjut foar de SDS-League dat jim hjir 2 septimber de nije ynskriuwformulieren fine kinne en dat jim se foar 9 septimber 20.00 oere ynleverje moatte.

Harsens derby (2178)

Klaas-Jan Huntelaar is juster 40 jier wurden. Hooplik komt it ferstân mei de jierren 😉