Weppers moandei 14-1

SDS-sealtoernoai
14 januari 2013
Remco Brouwer
14 januari 2013

Ôflast
We zijn door vv-Sneek gebeld mogen niet op het kunstgrasveld trainen. Dus training afgelast voor vanavond
Met vriendelijke groet,
Jaap de Blaauw

SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren
Ôfrûne sneon wie ek it SDS-sealtoernoai foar B- en C-junioaren. Dit wienen de winners:


OFK
De âld-sealfuotballers fan SDS hellen sneon de lêste 16 op it OFK. Dit dienen sy mei in ploech mei in gemiddelde leeftiid fan 36 jier. Allinnich Foarút soe hjir oan tippe kinne, mar dy gienen der foar de 16e finales al út. SDS hat dus eins de 35+cup wûn.

Drok
De sealfuotballers fan VV Oosterlittens hawwe de lêste dagen genôch fuotbalje kinnen. Tongersdei hienen sy de foarrondes fan it OFK, freed mochten sy foar de sealkompetysje yn Drachten en sneon yn de finaleronde op it OFK yn Frjentsjer. Juster waard dan lokkich foar harren de fjildkompetysjewedstryd tsjin VV Harlingen ôflast, mar koenen sy noch al moai efkes meidwaan oan it ledensealtoernoai fan VVO yn de sporthal yn Easterein.

Ynhelje
Je kinne it je no noch hast net foarstelle, mar SDS 1 hat kommende sneon al de earste ynhelwedstryd op it programma stean. Sy meie sneon om 14.30 thús tsjin CVVO 1.

Alderaardichst
Snein Ajax-Feyenoord:


Harsens derby(932)
Dit moat snein tsjin Feyenoord al better: