Weppers moandei 11-5

Wepperkes snein 10-5
9 mei 2009
Weppers tiisdei 12-5
11 mei 2009

Programma dizze wike
Ek de kommende dagen binne der wer trochdewykse wedstriden. Sjoch
hjir it programma sa’t it op de KNVB side stiet.  At dat klopt (en werom net) dan moatte de famkes jûn tsjin Berlikum.

Neikompetysje
SDS 2 moat moarntejûn om 19.00 syn weromwedstryd spylje foar de neikompetysje.
Heerenveense Boys 2 – SDS 2
17.30 fuort
19.00 fuotbalje
Hendrik, Henk, Harm-Jan, Syb, Wichard, Dennis, Feite, Jildert, Jan Simon, Marten, Sytse, Jelmer, Eeltje, Hjalmar en Willem.
Graach auto meinimme.

Gjin bus
SDS 2 soe moarn earst mei de bus nei Heerenveen. Dit giet net troch. Troch it betide tiidstip fan fuotbaljen soenen in soad spilers en supporters it net rêde om 17.15 fuort.

SDS 6

It sukses fan SDS komt net samar út de loft fallen. It hat foaral te meitsjen mei in stik entoesjasme fan de groep. Trou op training en dizze simmer spylje se op harren eigen tiden harren eigen WK yn Wommels, Ferline wike woene se al efkes mei elkoar op de foto.

Oer de kop
It lytse trainingsfjild leit hielendal oer de kop. It fjild wie seker dizze winter wat oan de wiete kant en it tafal wol dat de man dy’t measte búkskowers hjir makke hat op de training fan SDS 4,5 en 6 ferantwurdelik is foar dit stikje grûnwurk: PvanP.

Oppasse
Ôfrûne sneon is der út de klaaiboks fan de froulju jild út beurzen fan de froulju helle. Wy wolle jim derop wize dat eltsenien dus ek by SDS goed op syn beurs passe moat.

VI-kwis
By de VI hawwe sy dizze wike in kwis mei linkspoaten. Wy binne benijd as jim se allegear herkenne(klik hjir). Gearard Posthumus wist se allegear.  

Pré-WK
Fannejûn wurt it twadde PréWK (Yn de folksmûle Prewek) organiseert troch de directie fan it WK. Oanfang is 19:30 op it skopfjild (foarhinne foutbalfjild) te Wommels.
Forderingen ynsake de grande iepening fan it WK hat sa as earder fermeld op de site nogal wat fuotten yn de ierde. We wurre hedendaags oeral mei yn ferbân brocht en om alles te rectificeren/ôfstan fan te nimmen, nimt nogal wat tiid yn beslag. Tevens mut sein wurre dat wij protte tiid kwiit binne oan de ôfhandeling fan de geruchten ynsake ut filmproject FITJA
(op foarhân al in kaskraker)
Foar mear nijs en hete nieuwtjes kinne jim binnen no en pear jier ús, yn ontwikkeling zijnde, WK-site folge.
Namens de WK directie,
Mba Alg. Stat. Dir. H.K. Engbrenghof


Papierkûgel
Foarige wike tongersdei barde der iets opmerkliks yn de wedstryd tusken HSV en Werder Bremen. Foar wa ’t it net yn de kantine sjoen hat hjir nochris. Wy hawwe begrepen dat de “papierkugel” ynmiddels yn it Werder-museum leit: