Weppers snein 9-3
8 maart 2014Weppers tiisdei 11-3
10 maart 2014Brend is berne!
Sascha en Jaap Toering hawwe sneon in jonkje krigen. Brend waard om 0.58 berne yn Wommels.
Fan herte lokwinske!
Brend hjir noch sûnder keeperswanten.
Britt is berne!
Sneon waard der ek noch in lyts famke berne. Tjitske Hiemstra en Harm Minkhorst krigen in lyts famke, Britt. Geert en Gatske Hiemstra waarden sa op ‘e nij pake en beppe.
Sprekend Gatske!
C2
He webmaster,
ik zag dat er nog geen foto op de site stond van de C2-boys dus er gelijk één geschoten.
Eerste wedstrijd gister met 3-0 verloren tegen Foarút / dronrijp , met dank aan Jitse v/d Meer die een goede vervanger was van degenen die niet wilden voetballen en zich niet hadden afgemeld.
Leiders C2
PS: de foto stiet bij jeugd C2
Ferslagen
Jim kinne hjir wer allegear ferslagen lêze oer de wedstriden fan ôfrûne sneon.
Rabo-aksje
De Rabobank-aksje wêrby leden oanjaan koenen om de Rabobank €5,- donere te litten oan SDS hat 135 euries opbrocht.
Moaie skuontsjes!!
Samar yn byld út Sleat… de bruorren Hiemstra foar de kamera mei harren skuon. Foaral de wite fan Auke hawwe wer hiel wat kilometers ôflein endy mei de giele fiters holden de nul.
Rolle
Wat leinen de fjilden der ôfrûne sneon dochs kreas by. 2 wiken werom wienen der mei namme op it B-fjild noch in protte bulten. Lokkich genôch wie dit Klaas Overal ek opfallen en gie hy der mei oan de slach. Tige by tige!
Alde lullen toernooi
Juster wie werr it tradisjoniele âldelullenfuotbaltoernooi yn de sporthal. Ek no wer diene Boazum, Makkum, de Buma Boys, de Greidhoeke en kafé Bergsma mei. It wie de 25ste kear dat Daan Boersma de lieding hie en hij stoppet der no mei. 25 jier jier lang is der striden om de sprekwurdelike eare. Dit jier slagge it Makkum om twadde te wurden en dat liket hiel aardich. It wurdt wol oars at wij der bijsizze dat de oare 4 ploegen allegear 7 punten hiene en earste waarden. Foar de feestboek leafhawwers kinne wij ferwize nei de it feestboek fan de Greidhoeke. Dêr steane wol wat foto’s op.
Alderaardichst!
Harsens derby(1226)
Dêr wêr ’t se ea de schwalbe útfûn hawwe geane se der no hiel oars mei om: