Wk bonusweppers
8 december 2022Wk Heale finale gokjes
9 december 2022SDS 1 – Heerenveense Boys (14.30 oere)
Wij meie Heerenveense Boys al wer fan herte wolkom hjitte yn Easterein.
Alle jierren meidwaan om de prizen, mar hieltyd krekt net üt de tredde klasse wei komme kinne, it is harren lot.
Se stean sûnt sneon boppe-oan mar hawwe mar trije puntsjes mear as SDS 1.
De seleksje fan SDS: Jaap, Douwe-Jan, Erik, Gerbrand, Gerwin, Habtamu, Jelte-Pieter, Kevin, Lourens ,Matthijs, Pieter, Stan, Wesley en Wierd.
Sponsers fan de wedstriid
SDS 2 – Sneek Wit Zwart 2 (12.00 oere)
Op in foar SDS 2 ûngebrûklike tiid spilet SDS 2 sneon thús tsjin Sneek Wit Zwart 2, dy’t tredde yn de kompetysje stean. SDS 2 stiet op it 11e plak,
De seleksje: Mark, Steven, Tjitse, Arjen, Bauke, Eeltsje, Jort, Jurjen, Lieuwe, Robin, Sietze, Tim, Tom en Wessel S.
Leeuwarder Zwaluwen 5 – SDS 3 (12.15 oere)
Nei 7 wedstriden stiet SDS op 3 punten en de gasthearen op 9.
De seleksje: Wessel W, Anne, Bote, Jelmer, Mark, Marten, Sjoerd, Tsjipke, Willem, Yward, Sije en Niels en hooplik noch ien.
De seleksje fertrekt om 11.15 oere út Easterein en probearet 14.32 oere werom te wêzen foar SDS 1 – Heerenveense Boys.
SDS 4 – Hielpen 4 (14.30 oere)
SDS 4 stiet op in kreas 5de plakje en sil der alles oan dwaan wolle om Hielpen dat folle leger stiet, te ferslaan.
De seleksje: Jeffrey, Aiso, Allert, Doede-Rients, Gerben, Halbe-Willem, Jorrit V, Leon, Michael, Wiltsje, Jelte en Jochem en Sije en Niels sille earst mei SDS 3 balje en skowe dan ek noch efkes oan.
Oeverzwaluwen 3- SDS 5 (14.30 oere)
De nûmer 7 tsjin de nûmer 3 yn in kompetysje wêr’t sommige ploegen 9 kear spile hawwe en sommige noch mar 4 kear.
De seleksje: Dirk-Yde, Doede-Douwe, Harm D, Gert-Jan, Harm S, Henk, Ids, Jan-Simon, Jentsje, Klaas, Peter, Robert en Stefan.
Daan flagget. Heechtwierskynlik mei in lange ûnderbroek oan.
13.15 oere fertrekke.
Pake Samir
De trainer-koach fan SDS 2, Samir Tawafra, is ôfrûne wike foar it earst pake wurden. Lytse Noura makket it goed en pake is o sa grutsk. Tige lokwinske! As jim moarn dus in grutske pake rinnen sjogge op it sportpark dan is it Samir.
SDS-fuotbalplaatsjes
Lju dy ’t harren SDS-jubileumplaatsjesboek noch net fol hawwe kinne noch altiten fuotbalplaatsjes yn de bestjoerskeamer krije.
Grutte skerm
Sneon om 16.00 oere stiet de heale finale op it WK op it programma tusken Marokko en Portugal. Fansels stiet it grutte skerm dan ek oan yn de kantine. Al soe it mar wêze om goed byhâlde te kinnen wa ’t punten pakt yn de SDS WK-League.
Grutte klupaksje
By SDS binne dit jier ek wer in bult lotten ferkocht foar de grutte klupaksje. Hjir kinne jim sjen as jim ek wat wûn hawwe:
https://lotchecker.clubactie.nl/
Wy kinne al wol fêst ferklappe dat der gjin auto ferlotte is ûnder de SDS’ers, mar wol in stik of wat Pathé-filmbonnen, ‘Kaartje2go-tegoed’en in moanne ‘fit at home’, Mar gau efkes sjen!
Grutte skermen
Jûn om 20.00 oere is de kwartfinale tusken Nederlân en Argentinië. Dizze is sawol yn de Jimbar yn Wommels te sjen as yn Easterein yn de sporthal. De Jimbar giet om 17.00 oere iepen en de sporthal om 19.30 oere.
Harsens derby (2116)
Mochten Nederlân – Argentinië jûn op strafskoppen útdraaie dan hoopje wy al dat Nederlân se better nimt as dizze knaap….
Magisch. 🥰 pic.twitter.com/DRZxhf4vFF
— Yordi (@TheFev) December 9, 2022