De nije SDS-League! Ynleverje foar freed 13 febrewaris 20.00 oere.
5 februari 2026SDS 1 – NOK 1 (14.30 oere)
It ferfolch fan de kompetysje is in wedstriid tsjin NOK 1.
NOK1 hat 12 punten en SDS 1 hat der 26.
Mar wij binne net fergetten dat NOK 1 SDS 1 op 0-0 holden hat yn Aldemardum.
Wij hoopje net wer op in 0-0 wedstriid.
Seleksje:
Mark
Niels
Jelte-Pieter
Gerwin
Remco
Tim
Wiebe
Wytze
Matthijs
Robin
Gerbrand
Pieter
Jelmer
Ate
Kees
Johan Faber
De train er fan NOK 1 is Johan Faber. Earder hat hy 2 seizoenen trainer west fan SDS 2. Nei trainer west te wêzen by Blauwhuis, Tzummarum en IJVC is hy no oan syn twadde seizoen dwaande by NOK en is hy dêr ek folgend seizoen trainer.

SDS 2 – LIONS 2 (g.n.t.)
Beide ploegen hawwe noch net safolle punten.
It is de fraach at de doelpuntearme foarhoede fan SDS 2 ( 10 doelpunten makke) de gatten fine kinne yn de lekke Lions 2 ferdigening ( 35 doelpunten tsjin).
Spitich genôch hat Lions allinnich net genôch fuotballers beskikber….
It wurdt dus neat……
QVC 3 – SDS 3 (14.30 oere)
Op de ranglist skeelt it 1 punt yn it foardiel fan de Starumers ). Hoe lizze de ferhâldingen yn in streekrjocht duel?
Seleksje:
komt der oan.
TOP 2 – SDS 4 (g.n.t.)
TOP 2 docht it wol aardich (se stean twadde) en SDS 4 docht it minder aardich.
Mar, de iene sneon seit neat oer de oare sneon. Dus soenen se no hoapfol nei Toppenhuzen gean.
Mar mei 4 man wurdt it neat…..
Blessures, wintersport en it is noch mar ôfwachtsjen as it om it fjild kin.
SDS 1 der op út
Troch in stikkene ljochtmêst by SDS moast SDS 1 dizze wike útwike om te trainen. Tiisdei gienen sy nei Frjentsjer en tongersdei mochten sy traine by Sneek Wit-Zwart. Tige tank dêr foar.
Harsens derby (2363)
It is eins mear waar om yn de seal te baljen…….
This free kick is absolutely filthy pic.twitter.com/Rh0ChlgCyw
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) February 5, 2026


