Weppers freed 30-1-2026

Gjin trainen op it keunstgers…..en sa.
29 januari 2026
Sneon 31-1-2026
30 januari 2026
Gjin trainen op it keunstgers…..en sa.
29 januari 2026
Sneon 31-1-2026
30 januari 2026

QVC 1 – SDS 1   (14.30 oere)

Yn Starum sil it oan it fjild net lizze, al sil it al wat taaie moatte foar it dêr trochgean kin. Mei oare wurden; gjin idee as it moarn wol of net trochgiet. By QVC hawwe se der yn elts gefal wol nocht oan om te baljen en by SDS is it net oars.
Seleksje:
Mark
Jan Peter
Niels
Gerwin
Remco
Tim
Jelte-Pieter
Sietze
Robin
Gerbrand
Wiebe
Matthijs
Pieter
Wytze
Ate
Kees
Jelmer

Leeuwarder Zwaluwen 5 – SDS 2  g.n.t.

SDS 2 kin gjin 11 man op papier krije en de Ljouwerter Sweltsjes mooglik it fjild net op tiid skjin. Dan mar ôflasse en balje yn maaie.

SDS 3 – ONS Sneek 3 g.n.t.

De wedstriid fan SDS 3  tsjin ONS 3 is ôflast. De mannen fan SDS 3 binne hast allegear op wintersport. Miskien is dat no ek mar better.

SDS 4 – Waterpoort Boys 4 (14.30 oere)

By SDS 4 binne it dúdlik gjin moai waar fuotballers. Yn desimber en jannewaris hawwe sy noch net in wedstriid ferlern en it kin moarn ek wer oangean. As de waargoaden wat meihelpe yn elts gefal.
De seleksje liket aardich kompleet. Sy komme in oer as 13.43 oere yn de kantine:
Ronny, Robert, Anne, Feite, Klaas, Frank, Jildert, Jan Stenekes, Allert, Hendrik de Jong, Arjan H, Jan-Peter, Redmer en Ewout en Boaz(miskien).
Nei’t Auke Hiemstra ferline wike beferzen is sil no Sjoerd van Beem flagje.

Alde fuotbalskuon

Wat moatte je no mei fuotbalskuon as je net mear balje of der út groeit binne? Yn de wylgen hingje? Yn Tsjom hawwe se der wat betters op fûn;
Zet je gebruikte sport schoenen niet buitenspel! | S.F. Tsjom

Sparje foar SDS

Hawwe jim dizze app al delhelle?
Troch bygelyks by de Jumbo te boadskipjen kinne je dêrmei jild foar SDS sparje.

Harsens derby (2361)

Ho…..

Hjoed letter mear!