Weppers freed 28-4-2023

Melle Terpstra nei sc Cambuur JO12
26 april 2023
Sneon 29-4-2023
28 april 2023

SDS 1 – sc Bolsward 1   (14.30 oere)

SDS 1 hat ferline wike 3 wichtige punten pakt by sf Deinum yn de striid tsjin degradaasje en sc Bolsward 1 hat 3 wichtige punten pakt tsjin kampioeskonkurrint Heerenveense Boys 1. Allegear blide minsken dus moarn op it sportpark yn Easterein. Wy sille sjen wa ’t der nei de wedstriid it meast bliid sjocht.
Seleksje: Mark en/ of Jaap, Douwe-Jan, Luuk, Jelte Pieter, Gerwin, Gerbrand, Matthijs, Erik, Remco, Habtamu, Yke, Wesley, Lourens, Stan, Wierd en Steven.

Sponsers fan de wike


Dick Schuurman

Sneon komt de âldtrainer fan SDS 1, Dick Schuurman, mei sc Bolward op besite. Dick hat 2 seizoenen trainer west by SDS 1 yn it seizoen 2008-2009 en 2009-2010. Wy binne benijd as syn SDS-freonen fan doe sneon ek efkes delkomme.

Flagger fan doe René Zijlstra, Dick Schuurman en de striker fan eartiids Dooitze Nauta op de foto yn 2018.

VVI 2 – SDS 2 (14.15 oere)

VVI 2 stiet boppe-oan, mar dêr lûkt SDS 2 him neat fan oan. Wij sjogge in oerwinning oankommen foar SDS 2. Hooplik mei in folledige seleksje.
Seleksje:
1. Jeffrey
2. Robin
3. Anne
4. Jurjen
5. Arjen
6. Tim
7. Wessel s
8. Jort
9. Eeltsje
10. Bote
11. Bauke
12. Tjitse
13. Sije
14. Jelmer Dijkstra
15. Redmer

Workum 4 – SDS 4  (14.30 oere)

Ferline wike wûn SDS 5 thús noch mei 2-0 fan Workum 4. Wy binne benijd wat SDS 4 no tsjin Workum 4 docht. Sy sille f6est net 2 kear efterelkoar fan SDS ferlieze wolle yn Warkum.
Seleksje: dy is ûnderweis.

SDS 5 – QVC 3 (14.30 oere)

SDS 5 wol graach sa gau as mooglik kampioen wurde en dan sil der moarn al wûn wurde moatte fan QVC 3. SDS 5 hat te meitsjen mei in flinke blessuregolf, mar it liket der op dat sy dochs wer genôch spilers op papier krije kinne. Dizze spilers wurde om 13.45 oere yn de boks ferwachte:
Gert Jan, Jan-Simon, Feite, Harm, Stefan, Mark, Ronny, Klaas, Ids, JACOB KLAAS, Dirk Yde, Sjoerd, Tjeerd, en Robert.
Daan flagget.

Ferlern?

Wy seagen nuver op doe ’t wy fannewike de doelpuntenmakkers fan SDS 4 fan ôfrûne sneon trochkrigen. Jildert van der Werf, Wiltsje Aardema(2x) en Jorrit Veltman hienen skoard, mar der waard mei 4-2 ferlern fan Zeerobben 4. It die allinnich bliken dat sawol Jorrit as Wiltsje 1x foar Zeerobben skoard hienen…….

Johan Dersken yn it Dielshûs

Moarntejûn komt Johan Derksen yn it Dielshûs yn Wommels. Foar wa ’t der noch graach hinne wol binne der miskien noch in pear kaarten beskikber by de DA-Fizel yn Wommels.

Harsens derby (2162)

Krekt in lyts bultsje…….