Weppers freed 24-11-2023

Weppers woansdei 22-11-2023
22 november 2023
Sneon 25-11-2023
24 november 2023

SDS 11-2 wint


Op in woansdeitejûn yn Makkum wint SDS 11-2 fan Makkum 11-2 mei 1-2. De lieders wiene grutsk…….

SDS 1 – IJVC 1

In 6-puntenwedstriid foar SDS 1 tsjin IJVC 1. SDS hat noch 0 punten en IJVC hat der 3.
De wedstriid begjint om 15.00 oere.
Seleksje: Gert-Jan, Douwe-Jan, Erik, Wierd, Niels H, Jelte-Pieter, Luuk, Matthijs, Gerbrand, Remco, Kevin, Lourens, Peter, Tim, Jeffrey, Sietze en Stan.

Ald-SDS’er by IJVC

By IJVC fuotballet Ruurd Visser. Hy hat fan jongs ôf altiten by SDS balle, mar doe ’t hy yn de senioaren blesseard rekke is hy mei fuotbaljen stoppe. Ynmiddels is hy wer fit en wennet hy mei syn faam en syn soantsje yn Drylts en begie it wer te kribeljen. Hy hat de fuotbalskuon wer oan dien en spilet no by IJVC 1. Soe syn heit Klaas no moarn foar Ruurd of foar IJVC jûchheie?

Ruurd as pupil fan de wike mei broerke Jelle-Jan by SDS 1 – WPB 1 mei Feite de Haan en Henk Postma.

Ruurd yn syn jonge jierren by SDS

Ruurd mei SDS 1 rjochtsboppe op de foto foar it seizoen 2014-2015

SDS 2 is frij

SDS 2 hat in dreech seizoen en kin wol in frij wykein brûke. Sy meie nije wike wer balje.

IJVC 3 – SDS 3 op woansdei 29 novimber

Yn goed oerlis hawwe IJVC 3 en SDS 3 ferline wike al besletten om dizze wedstriid op woansdeitejûn 29 novimber te baljen. Wer ris wat oars. Kinne se moai allegear efkes by SDS 1 – IJVC 1 sjen.

SDS 4 – Leeuwarder Zwaluwen 10

SDS 4 spilet thús om 14.30 oere tsjin Leeuwarder Zwaluwen 10. SDS 4 stiet kreas 4e en Leeuwarder Zwaluwen is it SDS 1 fan de ‘Reserve 6e-Klasse09’. Mar dat seit neat fansels. Dit is de seleksje fan SDS 4 foar moarn: Jelte, Tjeerd, Feite, Robert, Peter, Jildert, Sije, Frank, Klaas, Willem, Ronny, Harm en Mark.
Daan flagget.

WEK stipet SDS flink mei tank oan Robin en Jesse

De aksje Enerzjysúnich Wommels hat foar SDS mar leafst € 600.- opsmiten mei tank oan de klussers Robin van der Weg en Jesse van der Weide. Tige by tige!

Swarte-wite freed

Neffens it ynternet is it hjoed swarte freed. It docht bliken dat dan in hiel soad lju ree binne om guod te keapjen dy ’t sy normaal sprutsen net nedich binne. Tafallich hawwe wy by SDS wat guod lizzen wat je op it stuit al hiel goed brûke kinne. Fansels tsjin ‘swartefreedprizen’. By SDS hawwe wy it hiele jier swart-wite prizen……


Beide moarn wer te krijen yn de bestjoerskeamer. Foar in skaplijk priiske.

Harsens derby (2208)

Sommige lju binne berne om te koppen….