SDS-WK-Pool:
19 juni 2014WK stân 22-6
22 juni 2014Efkes Balje
It is hjoed gewoan freed. Dat soe betsjutte dat der wer Efkes Balle wurdt. Wij geane der ek fanút dat it trochgiet nettsjinsteande it doarpsfeest yn Wommels. It liket ús wol wat earst Efkes Balje en dan nei de Heroes of Rock yn de tinte, dy’t seker dit spylje sille.
WK Stand
Der binne 23 wedstriden foarbij en noch altiten stiet Samba Johan boppeoan. De oanfal fan TOM Tomsk hat hij ôfslein. Sin direkte konkurinsje leit no bij de Titelhouder (dit is gjin geluk mear) en de kombinaasje Broer en Eddy (gjin famylje).
Skobberdebonk fan Dooitze stiet ek wat oan de hege kant. Wij tippe dizze as de grutste daler de kommende wiken.
Underoan koe Bla blaafke it net oansjen dat de beide wepmasters ûnderoan stiene en hij giet folop foar de poedel blablablafke priis.
De wepmaster mei it krease koarte hier sjocht wol yn dat winnen der net yn sit. Syn doel is no om de heechst einige Hofstra te wurden. De earste hat hij al te pakken.
WK analyses
Der wurdt wat ôf analyseard oer it fuotbal. Data wurde dêryn hieltyd wichtiger. Alle bewegingen fan spilers wurde fêstlein en komme úteinlik yn in statistyk. Dy statistiken tsjinje wer foar in folgjende analyse. Sa as hjir
Trainer
Wij skatte yn dat der sa’n trije moanne in oprop stiet foar in trêner foar it twadde. It docht noch net fertuten…..
Treffer
It kin best sa wêze dat der ien fan dizze dagen wer sa’n moai blau boekje yn de bus falt.