SDS-League: Marcs ‘Hoekstra City’ pakt de wykpriis!
19 februari 2026Drachten 1- SDS 1
SDS 1 hat justerjûn oefene tsjin de koprinner yn de 3e Klasse Q, Drachten 1. SDS kaam mei 0-2 foar nei goals fan Ate en Jelmer.
By de rêst wie it 1-2.
Uteinlijk ferlear SDS mei 3-2.
Zenn Hoitinga fan de JO17-1 makke syn debút by SDS 1,

Net mear oefenje
Y.f.m. blessures en ôfwêzigen binne de kommende oefenwedstriden fan SDS 1 tsjin Sint Anne en Minnertsgea skrast. De earstfolgende wedstriid fan SDS 1 is dan op sneon 7 maart de topper thús tsjin Creil-Bant 1.
Programma sneon
It is wer skoalfakânsje en dus leit it fuotbal hast stil.
Ien team jeugdfuotballers en ien seniorenteam kinne net op wintersport, nei in waarm lân ta of de gryp krije.
SDS 3 – Hielpen 2
SDS 3 ûntfangt Hielpen 2. Dy ploech hat 4 punten minder, dus mei wat skoareboerdsjoernalistyk soene je sizze, dat soe SDS 3 winne moatte.
At it sa is kinne jim sneontemiddei fanôf 14.30 oere sjen.
Mocht SDS 3 skoare dan soene wij it geweldich fine dat de doelpuntenmakkers trochjûn wurde, want fan de lêste twa wedstriden hawwe wij neat trochkrigen.
Seleksje:
komt der oan.
vv Sneek Wit Zwart 5 – SDS 4 g.n.t.
De fuotballers út Snits snakke nei in earste wedstriidpunt. Dat sil noch efkes sa bliuwe, want de wedstriid moarn tsjin SDS 4 giet net troch. SDS 4 kin net 11 man op papier krije. Wintersport, de bernefakansje, blessures neam mar op.
Moai potsje
No’t SDS 1 moarn net hoecht kinne je ek ris efkes oars sjen op in sneon.
Yn de buert binne der ferskillende opsjes wol op de fyts te dwaan:
Sc Bolsward -sc Stiens (15.00 oere)
Nijland – AVC (14.30 oere)
Irnsum – Waterpoort Boys 1 (14.30 oere)
Dronrijp – sf Deinum (14.30 oere)
Oosterlittens 1 – sc Franeker 1 (14.30 oere)
Harsens derby (2369)
Ho………
I’ve watched this about 10 times 🤣 pic.twitter.com/sCRpRIiR4f
— Dirty Footballer 👊 (@DirtyFootbaIIer) February 19, 2026


