Weppers freed 19-1-2024

Weppers woansdei 17-1-2024
17 januari 2024
Sneon 20-1-2024
19 januari 2024

Giet net troch

Yn Nijlân hawwe sy fannemoarn alfêst alle wedstriden foar moarn ôflast. Nijland 1 – SDS 1 giet dus op ‘e nij net troch. DJ Skieppetsiis sil middeis fêst wol gewoan plaatsjes draaie.
De wedstriid fan SDS JO10-1 tsjin Nijland JO10-1 yn Nijlân is omsetten nei Easterein.

Prognose

It is mar goed dat it moarn net troch giet yn Nijlân, want de prognose yn de Ljouwerter Krante fan hjoed wie net goed foar SDS……..

Oefenwedstriid: SDS 1 – Foarút 1

No’t de wedstriid Nijland 1 – SDS 1 net troch giet kin SDS 1 wer oefenje. SDS 1 sil dat thús dwaan tsjin Foarút 1 om 12.00 oere.
Dit is de seleksje:
Jaap, Luuk, JP, Erik, Remco, Gerbrand, Matthijs, Jelmer, Douwe Jan, Wierd, Peter, Kevin, Lourens, Stan en Niels.

Sint-Anna 2 – SDS 2

SDS 2 spilet de degrdaasjekraker út tsjin Sint Anna 2. Dizze seleksje fertrekt om 11.30 oere út Easterein:
1  Bauke
2 Jeffrey
3 Anne
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Wessel
8 Jurjen
9 Lieuwe
10 Steven
11 Bote?
12 Sietze
13 Tom
14 Robin
15 Wessel
16 Redmer

SDS 3 – Bakhuizen 2

SDS 3 mei moarn ek wer los. Sy spylje om 14.30 oere thús tsjin Bakhuizen 2. Dit is de seleksje:
Aiso, Jildert, Wiltsje, Michael, Ate, Arjan, Leon, Jasper, Gerben, Jorrit V, Rutger, Gjelt en Jochem.

4x 7 tsjin 7

By SDS sille der ynkoarten mar leafst 4 7 tsjin 7-teams los. Yn it winterskoft binne der 2 manljusteams by kaam. De nije leden binne meast leden dy ’t de lêste jierren stoppe binne en no werom komme op it waarme nêst.

Oefenprogramma

It oefenprogramma foar SDS 1 foar de kommende wiken sjocht der sa út:

Zaterdag 20 januari
SDS – Foarut
12.00

Donderdag 25 januari
SDS – Makkum
20.30

Zaterdag 27 januari
Geen wedstrijd

Dinsdag 30 januari
SDS – Oeverzwaluwen
20.30

Harsens derby (2222)

Ho!