Weppers tiisdei 8-8-2023
8 augustus 2023Oefen- en bekerprogramma SDS 1 2023-2024
11 augustus 2023Net oefenje
SDS 1 soe sneon oefenje tsjin Kootstertille, mar dit giet net troch. No sil de A-seleksje moarn traine om 10.45 oere.
Kompetysjeprogramma
As it goed is dan makket de KNVB hjoed of moarn it kompetysjeprogramma foar SDS 1 bekend.
Bekeryndieling SDS 2
Dit is de bekeryndieling foar SDS 2:
Leeuwarder Zwaluwen 7
Waterpoort Boys 2
SDS 2
Zeerobben 3
Earste training SDS 2
Juster hat SDS 2 foar it earst wer traind. Troch fakansjes rûn it noch gjin stoarm mei 8 man op trainen.
Bekeryndielingen jeugd
De bekeryndielingen fan de jeugd binne ek bekend. Mei in bytsje gelok steane se hjir dit wykein op de webside. Op Voetbal.nl binne se al te finen.
Koprinners
En op de 4e training fan SDS 1 binne it noch altiten deselden dy foarop drafe by de duurloop. Jelmer en Remco rinne noch altiten foarop, mar Stan komt hieltiten tichterby en Jeffrey heaket knap oan.
Harsens derby (2177)
Ho…
— Out Of Context Football (@nocontextfooty) August 9, 2023