Weppers freed 1-3-2024

SDS-League: Melle’s ‘Piep piep, omke Ate’ pakt de wykpriis!
27 februari 2024
Sneon 2-3-2024
1 maart 2024

SDS 1- sc Joure 1

De lêste wedstriid tsjin sc Joure wie yn it seizoen  2015-2016, ek yn de tredde klasse. Sc Joure 1 wurdt dat seizoen kampioen en SDS 1 einigt op it 10 de plak. Sa stiet it der no ek foar en at it oan de ein fan it seizoen der ek sa foarstiet binne se beide miskien wol  tefreden.

Tafallich foenen wy it wedstrydferslach fan de wedstriid yn 2015-2016 ek noch:

SDS 1 – sc Joure 1

Om 15.00 oere binne jim fan herte wolkom op de Skoalleseize bij de wedstriid. SDS 1 hat de gong te pakken en dy wolle se trochsette, mar slagget dat tsjin de koprinner?
De seleksje:
1 Jaap
2 Luuk
3 Remco
4 Matthijs
5 Gerbrand
6 Robin
7 Kevin
8 Wierd
9 Lourens
10 Peter
11 Stan
12 Bauke
13 Sietze
14 Niels
15 Jelmer (eerst SDS 2)
16 Mark

Wedstriidsponser


De bal beskikber stelle en sels mei fuotbalje. It kin wolris in moaie dei wurde foar Erik Haitsma

ONT 2 – SDS 2

Der op of der ûnder. De nûmer lêst tsjin de nûmer ien nei lêst. Bij winst kin SDS 2 it lêste plakje oerdwaan oan de ONT-ers.
Om 12.30 oere kinne jim der bij wêze yn de Pein. Ewout de Boer sil flagje. De familie Los is der net by, want sy sille Arjen nei Wommels ferhúzje.
De seleksje:
1 Lieuwe
2 Jelte
3 Gerwin
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Wessel S
8 Anne
9 Ate
10 Bote
11 Wessel W
12 Redmer
13 Wout
14 Niels J
15 Jelmer

Live bylden út de Pein

Jaseker, jim kinne sneontemiddei fanôf 12.30 de wedstriid fan SDS 2 tsjin ONT 2 yn de Pein live folge op ynternet.
Wij krigen dit berjocht fan Sjouke Walinga, wepmaster fan ONT.
Dat kin fia de homepage fan ONT (www.vvont.nl). Dêr stiet livestream sawat boppeoan. De útstjoering start om 12.25 oere.
It soe wat wêze at yn de kantine fan de Skoalleseize sa foar it optreden fan SDS 1 wij SDS 2 oanmoedigje kinne .

Balk 4- SDS 3

Wat sille se bliid wêze om wer los te gean, dy jonges fan SDS 3. Se sille ek oan de bak moatte want Balk 4 hat dizze kompetysje noch net ferlern en stiet dan ek boppe-oan.  Om 14.30 giet it los yn Balk.
Dizze seleksje fertrekt om 13.00 oere: Harm, Jorrit E, Marco, Jildert, Wiltsje, Michael, Ate, Arjan, Gerben, Jens, Jochem, Leon, Jasper (ovb) en Halbe (ovb).

SDS 4 – Oldeholtpade 4

SDS 4 stiet der lekker bij yn de subtop. De gasten steane yn de middenmoat.  Fanôf 14.30 kinne jim it folge op it B-fjild.
De seleksje: Gjelt, Jan S, Tjeerd (1e Helte), Klaas, Ids, Mark, Frank, Sije, Ronny, Robert, Willem, Jildert H, Jentsje, Tsjipke (2e helte) en Dennis.

Efkes Balje

Der wurdt dan wol in soad ôflast de lêste tiid fanwege te min spilers bij SDS, it Efkes Baljen hat de gong wer aardich te pakken.
Tenminste 8 man binne op moandeis om 19.30 efkes dwaande om de sinnen te fersetten en de sportive striid oan te gean.
Sa ek moandei doe’t de 4 it opnimme moasten tsjin de 5. De 4 ( Minne, Frank, Johan en Jeroen) wisten mei direkt en effektyf spul wol gauris in doelpuntsje te meitsjen en kamen dan ek foar.
Mar de 5 ( Wouter, Han, Folkert Rients, Menno en Aant) kamen wat langer it duorre doelpuntsje foar doelpuntsje tichterbij.
It waard tige spannend mei in stand fan 6-6. Doe ‘makke de stikjeskriuwer it “beslissende” doelpunt en hij rôp gelyk dêrop noch 3 minuten………
Der gie yn alle gefallen ien dik tefreden wer nei Wommels.

SDS-FIFA-toernoai

Freed 15 maart organisearret de jeugdkommisje fan SDS in SDS-FIFAtoernoai foar de SDS-jeugd oant en mei de JO13 mei help fan WD-SAT. De jongelju kin harren hjir opjaan.

SDS-Look-a-likes

Wy binne al wer drok dwaande mei de nije Treffer, dus ek mei de rubryk SDS Look-a-likes. Fine jim in SDS’er op in fuotballer, in bekende Nederlander, in Dútser, in blomkoal, Doutzen Kroes of oars ien of wat lykjen mail ús dan in foto. It leafst fansels ek efkes mei de foto op wa ‘t jim degene lykjen fine. Wy binne hiel benijd. Mail jim SDS-Look-a-like nei info@vv-sds.nl!

Harsens derby (2231)

SDS 1 hat juster oefene op frije trapen 😉