Wepperkes -tiisdei-

Programma SDS dizze wike
3 mei 2004
SDS League: De ideale elf
5 mei 2004

Bedankt
Samar ynienen moasten wy ús broer en omke

Jaap Theo misse. Yn dizze tiid ha wy fernommen

hoefolle minsken – ek út de sport – om ús hinne wiene.

Troch alle treastende wurden, steun, hulp en

in hiele protte kaarten stiene we net allinne.

Yn sokke drege tiden fernimme je hoe nedich

wy elkoar ha.

We wolle jimme allegearre foar jim waarmte bedanke.

Wy sille de blide, leave, bisûndere Jaap Theo nea

ferjitte.

 

Tsjikke en Jan van Asselt

Anke en Jeroen

Gerard

 

SDS A1 degradeert út ‘e Haadklasse.

Eltse wike krigen wy sa ’n bytsje in ferslach fan Mark Postma oer SDS A1. Wy koenen sa folgje dat A1 it dreech hie yn ‘e Haadklasse. Jammer genôch foel ôfrûne sneon definityf it doek. SDS A1 is dgradeare nei de 1e Klasse. Mark wie emosjoneel sjoen net mear yn staat om noch in ferslach te skriuwen. Dochs makke hy noch efkes in oersjoch. Mark bedankt foar al dyn ferslagen!
Hjir de einstan.

Leeuwarden kampioen, Frisia en LSC spylje samen mei SC Joure neikompetysjewedstriden foar promoasje nei de tredde divyzje. Underien degradearet SDS tesamen mei Hurdegaryp en moat BCV mei periodekampioenen fan de earste klasse utmeitsje wa at folgjend jier yn ‘e Haadklasse te bewunderjen is. 

 

1

Leeuwarden A1

22

17

4

1

55

68

24

2

Frisia A1

22

16

2

4

50

59

34

3

LSC 1890 A1

22

13

4

5

43

69

36

4

Joure SC A1

22

11

4

7

37

53

30

5

Rood Geel A1

22

9

5

8

32

41

37

6

DIO Oosterwolde A1

22

8

6

8

29*

43

37

7

Wolvega FC A1

22

7

5

10

26

45

46

8

Drachten A1

22

8

2

12

26

34

56

9

Zeerobben A1

22

6

4

12

22

43

75

10

BCV A1

22

4

6

12

18

26

57

11

SDS A1

22

4

6

12

15*

33

47

12

Hardegarijp A1

22

3

4

15

13

24

59


SDS D1 Kampioen?
Lieder fan D1 Klaas Pompstra lit ús it folgende witte: SDS D1 spilet de útwedstriid tsjin Olyphia op tiisdei 11 maaie om 19.00 oere yn pleats fan sneon 8 maaie. Woansdei traine sy net. Sy gean dan mei de hiele ploeg nei Ljouwert om SDS 1 oan te moedigjen. Dan mar in kear net traine…..

Oprop
Beslissingswedstrijd SDS – Be Quick
Woensdag 5 Mei om 18.30 uur.
Terrein Blauw Wit Leeuwarden.
Komt allen met sjaals rook toeters en bellen en steun de club SDS.
Zend dit bericht a.u.b. door aan uw gehele adressenbestand B.V.D.
Bestuur SDS

Fersetten
De bekerwedstriid fan SDS 2 tsjin Drachtster Boys is fersetten nei tongersdeitejûn om 19.00 oere. Best genôch fansels. Hjir stiet tsjinoer dat SDS 2 tiisdeitejûn om 19.00 oere traint yn Wommels op it fuotbalfjild.

Gewoan wer nei de Jumbo
It wie mar goed ek dat SDS ôfrûne sneon wûn fan Bolswardia. Wy koenen hjoed wer gewoan by de Jumbo ús boadskippen dwaan en hoechden net spesjaal nei Boalsert, Hendrik de Jong koe wer fleurich de klanten te wurd stean en Gerrit stie ûndanks syn teanblessure de blomkoalen wer netsjes op te poetsen. Henk Postma giet woansdei oerdei wol learen en Mark Postma en Sjoerd Rispens kinne ûnder it fakken fullen de degradaasje fan A1 moai ferwurkje.

“Âld mar jong yn ’t hert”
Doe ’t SDS 5 forige wike kampioen waard krige Aant in warm onthaal mei knuffels. 
Dit wie fan te foaren allegear op tou setten nei in stikje fan Sibe de Seefûgel yn de Treffer. Eltsenien woe wol helpe. Ek twa jonge famkes, te witten de dochter fan Ype en de dochter fan Tseard. Hja freegen oan Hinke: “nei wa moatte wy dan goaie?” Hinke sei: “nei Aant”. “Wa is dat fregen hja”. Hinke sei: “dy man mei it burd”. Seine se beide: “O, ja, dat is die hiele âlde man”!


“Âld mar jong yn ’t hert”.

Neikompetysje?
Mocht SDS woansdei ferlieze fan Be Quick Dokkum (wêr at wy net fan útgean) dan giet SDS de neikompetysje yn. Sy moatte dan komende sneon út nei Balk. Folgende wike tiisdei is de weromwedstriid yn Easterein.

Blier gesicht
De ponghâlder fan de Skoalleseize sjocht de lêste dagen tige blier. It fuotbal fan SDS lûkt in protte minsken en de kampioenswedstriden en feestjes binne goed foar de omset yn de kantine.

Yn Easterein hâldt men ek tige fan it keningshûs en dêrom is der 30 april altiten grut feest mei keatsen foarôf.  Men tink der al oan om in moaie print (dizze is fan blommenmozaiek) fan prinses Juliana by de útgong del te setten sadat je by it ferlitten fan it sportpark op 30 april (of 1 maaie) noch altiten witte werom der feitlik feest wie.

 

Soer gesicht

De ponghâlder fan SDS rint mei in soer gesicht om. It is dan wol leuk al dy kampioenskippen mar it kost wol in protte jild. Al dy medailles, patat en drinken foar de jeugd en al dy bosken blommen foar senioren en lieders.

Futsal 1, SDS 2, SDS 5 en wat komt er noch net by. SDS3 en SDS 1? It ferhaal giet dat it bestjoer fan SDS oerwaget in hektare tulpenfjild op te keapjen sadat men foar in skaplik priiske klear is.

 

Mei ien euro it bosk, kinne sels de spilers fan SDS 4 ek wol in boskje krije. Want net kampioen wurde dat liket hast it dreechst te wêzen by SDS.

 

Van 5 nei 2

Noch mar krekt kampioen mei SDS 5 en no al yn de basis by SDS 2. Jaap Boekholt, hy keepte sneon twa wedstriden. By SDS 5 en SDS 2.

Ek foar Bertus Bootsma siet er in lyts kontrakt yn by SDS 2. Hy mocht de twadde helte ynfalle.

 

Reboelje

Foar sommige minsken kaam it goed út dat SDS sneon (noch) gjin kampioen waard. De famyljes van Asselt, Sijbesma, Abma, Bruinsma en Hofstra hiene kaarten foar it ôfskiedskonsert fan Reboelje sneontejûn yn Burgum. En dêr woene se krekt as dy oare 500 man wol graach hinne.

Sy seagen dêr Reboelje sûnder Marius de Boer mar mei Tjerk Bootsma as sjonger