Wepperkes -sneon-

Wepperkes -freed-
2 maart 2006
Wepperkes -snein-
4 maart 2006

Giet ek net troch
Ek it trainen fan fanmiddei fan SDS 1 en 2 giet net troch. It trainingsfjild is te hurd.

Reklamebuorden ophingje
Enne Jehannes giet fanmiddei om 14.30 reklamebuorden ophingjen. Wa wol him helpe?
Graach in boor meinimme sûnder triid en boorkes fan 10 of 12mm en waarme wanten. Alfêst tige tank!

Net fit
Harm Stremler waard ôfrûne sneon flink rekke op it ankel yn de wedstryd tsjin Oranje Nassau. Harm is no wol in skoftke ûnder de pannen mei dizze ankelblessure en sil yn elts gefal dit seizoen net mear sealfuotbalje.

Fan herte!
De webside fan VV ONT is dizze moanne troch de KNVB yn ’t sintsje setten. De webside waard útroppen tot webside fan de moanne. Klik
hjir om op de webside te sjen. Wy wolle hjirby webmaster Sjouke Walinga fan herte lokwinskje mei dizze priis!

Spultsje dwaan
No’t it fuotbal net troch giet, moat er socht wurde nei alternativen. Sa kinne je fansels nei it riden sjen, in ein rinne, Enne Jehannes helpe of galgje spylje. Om foar te kommen dat je oan
dizze galg ophongen wurde moatte je fuotbalnammen of fuotbalbegrypen riede.

De buien
It sintsje is der sa no en dan bij, mar de buien bliuwe der ek oankommen. At je de aktuele sitewaasje sjen wolle  dan is dit in prachtich
oersjoch.

Fuotbal sjen goed foar de relaasje
Fuotballen wat ôflast wurdt is goed foar de relaasje mei de frou mar ek nei fuotbaljen sjen is goed foar de relaasje. Dus wa ’t hjoed of moarn striid hawwe om de ôfstandsbediening fan de tillevysje moatte dit de frou efkes lêze litte.


Letter mear!