Fotos Bolswardia-SDS
1 mei 2004Programma SDS dizze wike
3 mei 2004 Mear nijs
Drok
Jûn kinne jimme alfêst de nije wepperkes lêze fan moarn. Jimme kinne hjir in soad nijs yn ferwachtsje. Sa kinne jimme lêze oer de bekerwedstriid fan SDS 2 dizze wike(?), de kampioenswedstriid fan D1, de degradaasje fan A1 en noch folle mear.
Klaas Malda
Neffens de lêste berjochten makket Klaas Malda it goed yn it AZG. As it meisit dan komt der miskien binnenkoart wol yn Snits yn it sikehûs te lizzen. Miskien giet hy ek wol lyk nei Beetstersweach om te revalidearen. Dan kinne wy fêst ris by him sjen. No moat hy it noch mar efkes mei ús kaartsjes dwaan. Wolle jimme by him sjen yn Grins dan moatte je efkes mei syn âlden skilje. Hjir Klaas syn adres yn it AZG:
Academisch Ziekenhuis Groningen
Klaas Malda
afd.A3 kamer 311
Postbus 30.001
9700 RB Groningen
Germ Stenekes fan Omrop Fryslân hat sneontemiddei de foarsitter (Rienk Wiersma) en wedstriidsekretaris (Tinus Hoekstra) noch in soad wurk besoarge. Yn syn ferslach fan ‘e wedstriid Bolswardia-SDS begûn hie oer de mooglike skorsing fan Gert Jan Hiemstra. Tsjin Be Quick Dokkum hie hy in reade kaart krigen en dochs die hy mei. Minne Modderman soe it foar Omrop Fryslân wol útsykje. Foar SDS moasten Rienk en Tinus it mar útsykje. Mei gang fan Boalsert nei Easterein en alle korrespondensje mei de KNVB mar trochspitte. Omrop Fryslan hie al yn ‘e gaten dat Gert Jan gewoan meidwaan koe. Tinus en Rienk wienen de hiele twadde helte oan it spitten en hienen gjin tiid foar de radio. Om healwei fiifen koenen sy ek sizze dat der neat oan ‘e hân wie. Doe hearden sy ek dat Be Quick dochs noch wûn hie en dat SDS der woansdei noch om fuotbalje mei. It kin wêze dat Gert Jan dan skorst is. Ik soe mar fêst begjinne te sykjen!
Ferslach SDS 2
Stefan van Krimpen hat in ferslach skreaun oer SDS 2-Heerenveense Boys. Jimme kinne ûnder oaren lêze werom as Jan van Asselt net meidie en dat Gerrit Terpstra de Ghettoblaster mei hie. Jimme kinne it fine ûnder Senioren, SDS 2, Wedstrijdverslagen.
Noch net kampioen
SDS D1 is noch net kampioen wurden. Sy ferlearen sneon mei 3-2 fan Oudehaske D1. De D1 kin no kommende sneon kampioen wurde út by Olyphia D1.
Beker?
As it meisit dan giet woansdei de bekerwedstriid fan SDS 2 tsjin Drachtster Boys net troch. Woansdei wurdt ommers ek de bslissingswedstriid tusken SDS 1 en Be Quick Dokkum fuotballe. Om it de supporters net te dreech te meitsjen wurdt probeare de wedstriid fan SDS 2 út te stellen.
Wepperkes?
Dit wykein is der wer genôch gebeurd op en rûn it fuotbaljen. Jimme hawwe fêst noch wol wat te melden. Mail it efkes nei info@vv-sds.nl!
SDS 5 bliuwt winnen
Ek nei it beheljen fan it kampioenskip bliuwt SDS 5 syn sportive plicht dwaan. In protte blessures en dêrom moast er dit jier dochs noch in kear in berop dien wurde op in opropwrotter. Wa? Lês it by senioren – SDS 5 – wedstrijdverslagen.
Is Eddy de Boer noch yn te heljen?
Knabbel skoorde dit wykein al wer twa doelpunten. Syn neiste konkurrint skoorde ek 2 kear. Wa’t dat is kinne jim sjen by senioren -doelpuntenmakkers.
Wommels-Easterein
Sneon noch meielkoar yn it fjild yn Boalsert. Snein tsjinoerelkoar by it keatsen yn Weidum. Jacob Klaas tsjinoer Feite, Durk Yde en Tsjipke Klaas. Neffens ús hat Easterein wûn. Sy gienen der letter ôf tsjin de lettere winners Wytmarsum.
No al wer in krâns
It is net de bedoeling dat wy ek alles byhâlde oer it keatsen. Mar at er in SDS lid by is, kin it wêze dat wy wat nijs meinimme. Sa as dizze earste snein dat er keatst waard. Geert Dijkstra, de ferdigener fan A1 út Winsum kaam al mei in krans thús.