SDS1 spilet lyk yn Harns
28 februari 2004SDS League: De ideale elf
1 maart 2004Technyk
Wa kin Gelf Eringa net: De man dy’t mei syn prachtige technyk en ynsjoch in foarbyld wie foar tal fan SDS-spilers.
Dizze Gelf, dy’t sûnt oktober Age 65 hjit, is op dit momint dwaande te revalidearen. In beroerte yn jannewaris hat er foar soarge dat syn gefoel út de rjochterfoet wat fuort is.
It giet gelokkich wer wat better mei Gelf. Trije kear yn de wike revalideare yn Snits en dat befalt him ek prima. Roeie, fytse, tennisballen fange en fuotbalje.
At de terapeute him de bal ta rollet, moat hy him stopje en werom skoppe. Op de fraach at hy no noch wat oan syn technyk hie, wist Age 65 te melden: “Ja fansels, ik sis dan ek tsjin dy juffer, at ik de wol wat swiere bal weromskop: “ik kin se net moaier jaan”. En dat wie ien fan de twa útspraken dy’t Gelf altiten die. De oare wie: “ik hoech net te roppen om de bal want wy hawwe de selde sjurtsjes oan.”
Blessures
In sportblessure is tige ferfelend foar fuotballers. At er oan de bûtenkant neat te sjen is en je fiele wol wat dan wolle je fansels graach witte wat it is. Yn in tiid dat elkenien sels graach alles neisneupe wol op ynternet efkes is tip, foar wat it wurdich is.
Nooitgrappig
Prachtige humor stiet er op de side www.nooitgrappig.com . Seker de muoite wurdich om dêr sa no en dan ris op te sjen. Soms giet it oer fuotbal of oer de winter. Sa as de ûndersteande útspraken:
– Een voetballer zonder doel in zijn leven is nooit grappig
– De uitslag vragen van de wedstrijd Chili – Concarne, is nooit grappig