Wepperkes -freed-
17 november 2006SDS-sokken
18 november 2006
útslach | ||
14:30 | SDS 1 (zat) – Fean’58 1 (zat) | 2-2 |
12:15 | SDS 3 (zat) – BCV 3 (zat) | 3-0 |
12:45 | SDS 5 (zat) – Waterpoort Boys 3 | 3-1 |
10:30 | SDS C1 – Veenwouden SC C1 | 1-5 |
9:00 | SDS E3 – Leeuwarder Zwaluwen E3 | 1-2 |
9:00 | SDS E4 – Franeker SC E10 | 9-0 |
10:00 | SDS F1 – JV Bolsward F1 | 2-0 |
10:00 | SDS F3 – Sneek F8 | 4-1 |
12:30 | Rouveen SC 2 (zat) – SDS 2 (zat) | 5-4 |
14:15 | VVI 4 (zat) – SDS 6 (zat) | 4-1 |
10:30 | Oeverzwaluwen A1 – SDS A1 | 1-3 |
10:15 | Balk B1 – SDS B1 | 1-8 |
12:30 | IJVC B2 – SDS B2 | 2-2 |
9:00 | QVC D1 – SDS D1 | 2-5 |
9:00 | Franeker SC D4 – SDS D2 | 1-0 |
9:00 | Franeker SC E2 – SDS E1 | 5-0 |
9:00 | Workum E2 – SDS E2 | 2-1 |
10:30 | Zeerobben F4 – SDS F2 | 1-6 |
9:00 | Sleat F3 – SDS F4 | 1-2 |
Witte jim noch in útslach dy’t er net opstiet, mail it ús. Maile kin nei dizze adressen.
Ek doelpuntenmakkers en opmerklike feiten krije wij graach troch.
Bij de wedstriden
SDS 1 – it Fean 1
20 sekonden foar de ein fan de wedstryd makke it Fean gelyk. De teloarstelling yn Easterein wie wol hiel grut. Want de kânsen om nei de 1-2, de 1-3 en sels 1-4 oan te tekenjen, hiene se lizze litten. En dan bringt in wol of net terjochte frije traap de beslissing. De twa doelpunten fan SDS wiene fan Hendrik de Jong.
Yn de rin fan snein kinne je hjir de foto’s besjen op de webside fan Jaring Rispens Fotografie.
Rouveen 2 – SDS 2 5-4
De neutrale taskôwer seach 9 doelpunten en dat is fansels altiten goed. Mar SDS 2 stie wer mei lege hannen. De 4 doelpunten binne makke troch Bote, Feite, Ruurd en Henk.
SDS 3 – BCV 3 3-0
Al wer in topper foar SDS 3 en ek dizze test kamen se goed troch. Mei in oertsjûgjende 3-0 waarden de Burgummers mei 0 punten nei hûs stjoerd. Doelpunten wiene der fan Gerlof en Remco Bervoets. Dizze lêste waard twa kear nei foaren stjoerd en hij skoorde twa kear. Doeltreffende loopkes dus. Hjir it ferslach fan Anco.
SDS 5 – WPB 3 3-1
SDS hat de skande fan 11-11 (ferlies fan Tsjom 3)fuortwurke. Der wiene noch wol in soad kansen nedich mar omdat WPB ek net echt doeltreffend wie, bleau SDS oan de goeie kant fan de skoare. Harm Auke, Piet Kempe en Sipke Hiemstra skoorden.
VVI 4 – SDS 6 4-1
De mannen fan Bas de Haan,dy’t sels net mei wie, binne dan dochs werom út Jitskenhuzen. Mei 0 punten. Albert Jan Joustra skoorde 1 kear en de gasthearen 4 kear.
Oeverzwaluwen A1 – SDS A1
In regelmjittige oerwinning hoewol it gjin beste wedstryd wie. Jelmer skoorde twa kear en Feiko ien kear. Bauke skoorde al wer hast.
SDS A1 hat nei ôfrin noch efkes Bolswardia nei in oerwinning skreaud tsjin Gorredyk, sadat SDS no boppeoan stiet.
Klik hjir foar in útgebreid ferslach fan Feiko Broersma.
Balk B1 – SDS B1 1-8
De earste helte tikke we Blak fan it fjild mei 0-7. Germ en Bauke Jan skoare harren 1e goal dit seizoen. We spylje goed posysjespul en sette mei 3-4-3 druk op Balk.
Twadde helte is folle minder en we moatte sels in goal tastean. It wurd 1-8 en dat binne nei 4 wedstriden wer ris 3 punten! Klik hjir foar it hiele ferslach.
Groetnis, Klaas
SDS E 4 – Franeker E10 9-0
In romme oerwinning yn de lêste wedstryd en dus oertsjûgjend kampioen. Letter hjoed of moarn de foto’s.
neiskrift: