Sneon 29-4-2023

Weppers freed 28-4-2023
28 april 2023
Weppers moandei 1-5-2023
1 mei 2023

Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei willem@vv-sds.nl!
Berjochten nei Aant stjoere is net ferstannich. Dy ferdwine dizze wiken earne tusken Bazel en Rome.

De jeugd hat gjin programma, mar de senioren wol.

 

 

 

 

SDS 1 – sc Bolsward 1

Hjoed gjin wepmasters en gjin fotograaf by de wedstriid fan SDS 1, dus wy hâlde it by in doelpunt fan Matthijs Postma, 2 kear in giele kaart foar Erik Haitsma en it ferslcha fan sc Bolsward op Voetbalnoord (sjoch hjir).

VVI 2 – SDS 2

Vandaag was het tijd om af te reizen naar het zonnige Idskenhuzen. Bij de selectie ontbrak vandaag de vaste reporter Jan Los vanwege een verjaardag. Kleinzoon Redmar de Boer nam de taak op zich om het scoreverloop te noteren, om onze trouwe volgers te voorzien van de nodige informatie. Hieronder vind u zijn scherpe notities van deze matige pot.

It wedstriidferslach fan Redmar de Boer

Sietze sjocht it efkes nei, mar alles kloppet.

Workum 4 – SDS 4

Hjoed mocht it 4e wer even op paad om te baljen, dit keer stiet Workum op de planning! Nei in snelle rit (want ja krek als oars wienen we wer wat oan de lette kant). Koe it heve! Even in koarte warming up en toen mochten de mannen oan de wedstriid beginne. De earste helte wie net die fan SDS, nei een dreeche 45 min stie Workum mei 1-0 foar. Yn de rust in lekker bakje thee en nog even in stevige pep talk.. De twadde helte begie hiel bysunder. Nei 3 minuten scoarde Jorrit Engelsma in geweldiche goal. Mei in weromfallende bal op de 16 meter line in moaie streep yn it goal. Run de 50ste minuut kryt SDS in frije trap op in meter as 30. Disse skeat Michael mei in heale foarset/skot op goal en fleach perfekt yn de rjochter bovenhoeke. De 1-2 foarsprong duorre helaas net lang.. Workum komt mei 2 moaie goals op 3-2 foar. Maar toen wie der niemand minder dan Jasper Scholts mei in knappe goal….de 3-3! Syn earste yn de senioaren!! Dit alles dus yn de earste 10 min fan de twadde helte.. De rest fan de wedstriid bleaun it disse stand, mei noch in pear kanskes fan beide kanten slagge it beide ploechen net mear om in goal te scoaren. Nei in bysundere maar ek wol in leuke twadde helte is de wedstriid dan ek eindige yn 3-3, puntsje derby!
Michael van der Weg

SDS 5 – QVC 4

Om kampioen te wurden woe SDS 5 foaral net ferlieze. It waard allinnich al gau 1-0 troch in goal fan Mark nei in knappe korner fan Sjoerd. Undanks dat QVC better wie waard it sels noch 2-0 foar de rêst troch Sjoerd en lyk nei de rêst 3-0 troch deselde Sjoerd. De einstân waard úteinlik 4-0 troch in goal fan Dirk-Yde.
Dit bestjut dat SDS 5 nije wike al kampioen wurde kinne as sy út by AVC winne.