Sneon 27-1-2024

Weppers freed 26-1-2024
26 januari 2024
Weppers tiisdei 30-1-2024
30 januari 2024

In aardich kompleet programma foar de jeugd, mei as opfallende wedstriden ST SDS/Nijland JO14-1 – Marrum JO14-1 en SDS/Nijland JO15-1 dy’t oerwinterje yn de beker.

As jim wat aardichs te melden hawwe dan graach trochjaan oan aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl

Doelpuntenmakkers by de senioaren graach trochjaan oan aant@vv-sds.nl

09:00 SDS JO11-2 – Hielpen JO11-1JM 1-6
09:00 SDS JO9-3 – SJO Arum/Stormvogels ’64 JO9-1 7-6
09:00 SDS JO8-1 – Workum JO8-1JM 6-4
09:30 ST SDS/Nijland JO14-1 – Marrum JO14-1 4-0 (beker)
10:00 SDS JO9-1 – V.V. Heerenveen JO9-1 3-2
10:30 SDS JO11-1 – LSC 1890 JO11-2 8-2
11:00 SDS JO12-1 – Oosterlittens JO12-1 5-2
11:15 ST SDS/Nijland JO15-1 – Scharnegoutum’70 JO15-1 2-4 (beker)
14:30 SDS 2 – SC Berlikum 2 1-3
09:00 SJO Oudega/HJSC/Heeg JO10-1 – SDS JO10-1
09:00 SJO Arum/Stormvogels ’64 JO10-1 – SDS JO10-2
09:00 LSC 1890 JO9-3 – SDS JO9-2
09:00 Workum JO8-2 – SDS JO8-2
09:00 VV Sneek Wit Zwart JO9-2 – SDS MO9-1
14:00 Oldeholtpade 4 – SDS 4 2-3

SDS 2 ûnderút

SDS 2 ferlear spitich mei 1-3 fan sc Berlikum. Hjir it ferslach fan Allert Turksma en it filmke en de foto fan Samir Tawafra:
Juster mochten de mannen fan it twadde yn Easterein spylje tsjin Berltsum.  In knappe seleksje, in blauwe loft én in goed sin soargen foar de optimale yngrediinten om wer ris trije punten te pakken!
Spitigernôch slagge dit net. Al gau kaam Berltsum op in 0-1 foarsprong. Dit wie ek de ruststân. Nei it skoft kryg SDS in penalty. Robin gie wer achter de bal stean en skeat de bal knap yn de winkelheak, wat soarge foar de terjochte lykmakker.

Koart dêrnei lei de bal alwer oan de oare kant yn de goal en letter makke Berltsum ek noch de 1-3. Dit wie ek de einstân. SDS hie noch in pear moaie kânsen, mar it woe net slagje om de bal lâns de keeper fan Berltsum te krijen. 
Undanks dat SDS it bettere fan it fieldspul hie, stoen sy troch de effektivieit fan Berltsum nei de wedstriid mei lege hânnen. Tank oan skieds Enne foar it goeie fluitsjen. Op nei nije wike!
Allert

Oldeholtpade 4 – SDS 4

SDS 4 begjint de twadde helte fan it seizoen goed mei in oerwinning. Ata Schaap waard de man fan de wedstriid mei 2 goals. mark Postma makke de oare goal foar SDS 4. Gert-Jan Hiemstra makke syn rentree as keeper by SDS 4.

Beker

Sawol SDS/Nijland JO14-1 as SDS/Nijland JO15-1 moast bekerje. De JO14-1 wûn mei 4-0 fan Marrum JO14-1 en is troch yn de beker. De JO15-1 ferlear mei 2-4 fan Scharnegoutum JO15-1 en is útskeakele.

Ferrassing

Grutte ferrassing wie juster de knappe winst fan SDS JO9-1 op vv Heerenveen JO9-1 mei 3-2. vv Heerenveen hie dit seizoen noch net in wedstryd ferlern. Wat wolle je ek mei sokke toppers. Heechstwierskynlik ien grutte familie. 😉